Museo del Prado

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Prado)
Prado
  museum
Lokaasje
lân flagge fan Spanje Spanje
plak Madrid
adres Paseo del Prado
Algemiene gegevens
type keunstmuseum
oprjochting 19 novimber 1819
oerflak 45.000 m²
besikers 3.200.000 (2019)
Arsjitektuer
arsjitekt Juan de Villanueva
Offisjele webside
museodelprado.es
Kaart
Museo del Prado (Madrid)
Museo del Prado
Lokaasje yn Madrid.

It Museo del Prado yn Madrid, Spanje, ornaris koartwei it Prado neamd, is ien fan de grutste en belangrykste keunstmusea fan 'e wrâld. Oarspronklik waard it museum stifte as in museum foar skilderijen en byldhoukeunst, mar tsjintwurdich hat it museum ek belangrike samlingen fan printen, tekeningen, munten en oare keunstsaken.

Njonken de bêste samlingen fan Spaanske skilders binne der ek skilderijen fan Dútske, Flaamske, Italjaanske en Nederlânske skilders, lykas Albrecht Dürer, Botticelli, Caravaggio en Rembrandt.

Teagearre mei it 'Museo Thyssen-Bornemisza' en it 'Museo Reina Sofía' foarmet it Prado Madrid's 'Gouden Trijehoeke fan de Keunst', dy't yn 2021 yn de list fan it UNESCO-wrâlderfgoed opnommen waard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferdinand VII (1784-1833) wie yn 1814 fan doel in museum op te rjochtsjen mei it Louvre as model. Yn 1818 waard in geskikt gebou fûn om as museum te tsjinjen. It gebou wie yn de jierren 1785-1818 yn opdracht fan kening Karel III (1716-1788) boud troch de arsjitekt Juan de Villanueva en wie eins ornearre as in keninklik museum foar natuerwittenskippen. De arsjitekt Antonio López Aguado waard frege it gebou foar it keunstmuseum te ferbouwen.

Op 19 novimber 1819 waard it Prado Museum iepene ûnder de namme 'Museo Real de Pintura y Escultura' (Keninklik Museum foar Skilder- en Byldhoukeunst). De samlingen fan it 'Museo de la Trinidad' waarden yn 1872 oerbrocht nei it Prado Museum. Yn 1971 waarden de keunstwurken út de 19e en 20e iuw oerbrocht nei it 'Museu Reina Sofia'.

Bekende wurken (kar-út)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]