Springe nei ynhâld

Karolin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Polarstern)
As de Polarstern ûnderweis nei it Dútske fêstelân.

De Karolin is in hege-faasjefearboat yn 'e foarm fan in katamaran, dy't yn 1995-1996 boud waard troch de skipswerf Oceanfast Ferries Pty Ltd., yn Henderson yn West-Austraalje. Op syn meast kinne der 402 reizgers mei oan board, mar gjin auto's. Lykas by oare katamaran-fearskippen, mar oars as by oare typen fearboaten, kinne de reizgers op de Karolin net frij omrinne; lykas yn in fleantúch sit eltsenien yn in eigen stoel. De lingte oer alles berint 47,25 meter, de breedte oer alles 12,32 meter. De maksimale faasje is 42 knopen (70 km/o).

De ierste namme fan dit skip wie Oceanfast Ferries No. 16, mar hy kaam as de Polarstern ("Poalstjer") yn 'e tsjinst fan 'e Dútske rederij AG Ems. It skip hie as thúshaven it Eastfryske waadeilân Boarkum en fear ûnder oaren op it Hilgelân. It wie it fluchste skip fan AG Ems. Yn augustus 2008 hie de katamaran in ûngemak op de weromreis fan it Hilgelân. It wie it grutste ûngemak yn 'e skiednis fan AG Ems. In weach fan sa'n 2,5 meter sloech in part fan de boech fan de Polarstern stikken en bruts troch it foarrút. By it ûngemak rekken 23 minsken ferwûne. De Polarstern waard dêrnei ferkocht oan 'e Estyske rederij Lindaliini, yn Tallinn, dy't it skip omneamden ta de Karolin.