Springe nei ynhâld

Pjotr Nikolajevitsj Grûzinski

Ut Wikipedy
Pjotr Nikolajevitsj Grûzinski
keunstner
Gravuere nei in foto (1891)
Gravuere nei in foto (1891)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Russysk
berne 19 desimber 1837
berteplak Koersk
stoarn 1 juny 1892 (54 jier)
etnisiteit Georgjer
wurkpaad
wurksum as skilder
streaming romantyk
bekendste
  wurk(en)
sjoch galery
prizen Grutte Gouden Medalje fan de Keizerlike Keunstakademy

Prins Pjotr Nikolajevitsj Grûzinski (Georgysk: პეტრე ნიკოლოზის ძე გრუზინსკი; Russysk: Пётр Николаевич Грузинский; letterlik "Peter fan Georgië"; Koersk, 19 desimber 1837 - 1 juny 1892) wie in Georgyske keninklike prins (batonishvili) út it Hûs Mukhrani fan de keninklike Bagrationi-dynasty.

Grûzinski skildere lânskippen en sjenrestikken en wie ek bekend om syn skilderijen fan gefjochtssênes út de Kaukasusoarloch.

Hy wie de soan fan prins Nikoloz Grûzinski en in telch fan de Mukhrani-Grûzinsky takke fan de Bagrationi-dynasty dy't yn de 18e iuw nei it keizerlike Ruslân ferhuze wie. Pjotr Nikolajevitsj Grûzinski wie de lêste streekrjochte manlike ôfstammeling fan kening Vachtang VI fan Kartli en de lêste yn de Grûzinski-line.

Hy waard beïerdige op it stedsbegraafplak yn Pavlovsk (federaal distrikt Sint-Petersburch). De grêfstien en it begraafplak binne net bewarre bleaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. In aul is in soarte fan fersterke doarp of stêd dy't oeral yn de Kaukasus en Sintraal-Azië foarkomt