Peloponnezyske Oarloch
De Peloponnezyske Oarloch (431 - 404 f.Kr.) wie de striid tusken de âlde stêdsteaten Atene en Sparta, de twa grutmachten fan it Grikelân fan earstiids en harren bûnsmaten.
It wie in lange en ôfmjittende oarloch (mei út en troch ûnderbrekkings) tusken de aristokratyske oligargyske lânmacht Sparta en de demokratyske skipfeartsnaasje Atene. Omdat gjin ien Gryksk stêdsteat yn de kriich neutraal en ôfsidich bliuwe koe, wurdt it konflikt ek wol de lytse "(Grykske) wrâldkriich" neamd. Nei ôfrin fan de oarloch kamen beide partijen sa bot ferswakke út de striid, dat gjinien fan beiden dêrnei syn eardere grutheid weromwinne koe.
Djipperlizzende oarsaken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De nei-iver en frustraasje fan Sparta en harren bûnsmaten om it waaksende ymperialisme fan Atene. Nei de Perzyske Krigen, dêr't Sparta de grutste militêre rol te lân yn spile hie, gie Atene hieltyd mear in ymperialistyske polityk fiere en slagge it deryn om it Delysk Bûn ta in Ateensk Ryk út te bouwen. Dêrby stribben beide grutmachten nei it militêre en ekonomyske oerwicht yn de Grykske wrâld.
- De politike, militêre en etnyske tsjinstellingen tusken de ynterne steatsregelingen fan it Ioanyske Atene (demokratysk, progressyf en seemacht) en fan het Doryske Sparta (aristokratysk, konservatyf en in lânmacht), dy't elts by de eigen bûnsmaten en oanhingers dat propageare.
Oanlieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Kerkyra-kwestje: doe't Kerkyra (noKorfû), in Grykske koloanje fan Korinte, yn 433 f.Kr. yn konflikt kaam mei de memmestêd, frege en krige it help fan Atene. Korinte waard op syn beurt stipe troch it Peloponnezysk Bûn ûnder de lieding fan Sparta, dat Atene de kriich ferklearre.
- De Potidaea-kwestje: Potidaea wie in Korintyske koloanje, mar hearde oarspronklik by it Delysk Bûn. By de Kerkyra-kwestje sei Potidaea iensidich it bûnsgenoatskip op, wat troch de Ateners net akseptearre waard. As reaksje belegere sy de stêd, dy't yn 430 f.Kr. "herovere" waard, ta ergernis fan Korinte en Sparta.
- It Megarysk beslút: in handelsboykot fan Atene tsjin Megara.
Dêrnei folge it Peloponnezyske kongres yn Korinte, wêrnei de kriich tusken Sparta en Atene ferkleare waard.
Ferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fijannichheden ferrûnen yn trije min of mear te ûnderskieden fazen:
Argidamyske Oarloch (431 oant 421 f.Kr.)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 431 f.Kr. hâlde it Spartaanske leger (ûnder befel fan kening Argidamos) tsien jier lang ferwoastende tochten troch Attika. Perikles lit Attika oer oan de ferwoasting en loek de boargerbefolking werom binnen de Lange Muorren. Underwillens plondere de Ateenske float de kusten fan de Peloponnesos en makket dêrtroch de befoarrieding fan Sparta gâns dreger.
In grutte tebeksetter foar Atene wie de dea fan har sjarismatyske lieder Pericles, dy't yn 429 f.Kr. stjerret oan de pest; dy moardzjende goarre wie útbrutsen ûnder de opienheapjende befolking dat beskerming socht tsjin Sparta binnen de Lange Muorren tusken Athene en Pireus. Perikles waard opfolge troch Kleon, in foarstanner fan de hurde line.
Frede fan Nicias (421 oant 413 f.Kr.)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 421 f.Kr. koe de Ateense lieder Nisias in wapenstilstân bewurkje, dy't foar in grut part lykwols in deade letter bleau. Lokaal giene de skermutselingen en wreedheden troch.
De Ateenske ekspedysje nei Sisylje (415-413 f.Kr.), mei as doel it westlike bekken fan de Middellânske See te behearsjen, brocht in nije grutte ramp oer Atene. De wispeltuerige steatsman Alkibiades woe op Sisylje inkele Grykske helpen tegen Syrakuse en hoopjende dêrtroch sels grutte rûm te ferwerven. Mar de ekspedysje mislearre, Alkibiades rûn oer nei Sparta - waard letter op 'e nij floatfâd fan Atene en wer ôfset - en de Ateenske fleat waard ferneatige.
Dekeleïske Oarloch (413 oant 404 f.Kr.)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der folge slimme jierren foar Atene, dat har dêrnei nea mear folslein werstelle hawwe kin. Yn 413 f.Kr. besette in Spartaansk leger de Attyske grinsgemeente Dekeleia. Doe Sparta ek noch harren fleat útwreide en dêrfoar finansjele stipe krige en oanfierde fan de Perzyzke kening (de aartsfijân nota bene; en dat seit wat oer de hâlding fan Sparta tsjinoer Atene), begûn it der min út te sjen foar Atene. Fanút de oligargyske opposysje waard yn 411 f.Kr. in besiking dien om de macht oer te nimmen. De steatsgreep mislearre mar ferswakke de demokrasy. Lang om let waard yn 405 f.Kr. de nije Ateenske fleat troch de Spartaanske admiraal Lysandros by de Hellespont ferslein. Atene moest zich overgeven, it Seebûn waard ûntbûn, de festingwurken en de Lange Muorren moasten ôfbrutsen wurde. Atene wie koartfykt; Sparta hie de hegemony oernommen.
Tukydides
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It folsleine ferrin fan de oarloch en de eftergrûnen binne troch Tukydides goed beskreaun, yn "De Peloponnezyske Oarloch". Hy wie in Ateensk generaal dy't nei de nederlaach ôfsetten waard. .
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Peloponnesian War fan Wikimedia Commons. |