Springe nei ynhâld

Aleksander II (paus)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Paus Aleksander II)
Aleksander II
   kristlik lieder
amt en titulatuer
amt paus fan Rome
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
foargonger Nikolaas II
opfolger Gregoarius VII
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Anselmo da Baggio
bertedatum 1010-1015
berteplak Milaan (Hillich Roomsk Ryk)
stjerdatum 21 april 1073
stjerplak Rome
etnisiteit Italjaansk
hillichferklearring
hillich ferkl. 1606
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke

Paus Aleksander II wie fan 1061 oant 1073 biskop fan Rome. Hy waard berne as Anselmo da Baggio (Baggio (by Milaan) tusken 1010 en 1015 en ferstoar op 21 april 1073. Aleksander wie ien fan de lieders fan de Pataria-beweging dy't nei herfoarmings yn 'e tsjerke stribbe.

Paus Aleksander II waard berne as Anselmo da Baggio yn de omkriten fan Milaan. Om it jier 1055 hinne waard Anselmo ta preester wijd. Hy hearde ta de herfoarmingsgesinden. Sûnt 1053 wied er biskop fan Lucca en yn 1061 waard er de lieder fan de Tsjerke. As pauslik legaat befoardere er de herfoarmingsbeweging Pataria. Foar dat doel teach er mei de aartsdiaken Hildebrand, de lettere paus Gregoarius VII, mei Petrus Damiani nei Milaan.

Op 3 septimber 1061 waard Anselmo ta paus keazen en de oare deis kroand. Fral de aartsdiaken Hildebrand hie him dêryn stipe. Nei alle gedachten waard Aleksander II yn it Lateraan, it pauslike paleis, keazen, wylst de kroaning yn de folgjende nacht yn de San Pietro in Vincoli plakfine soe. Tsjintstanners fan Aleksander blokearren lykwols de wei dêrhinne, sadat de prosesje mei wapengeweld in tagong nei de tsjerke forsearje moast. It waard Aleksander letter foar de fuotten smiten: lykas in dief yn de nacht soed er de pausentroan krigen ha.

De Roomsk-Dútske keizer Hindrik III hie net oan de kar foar Aleksander dielnommen. Hy moast neat ha fan herfoarmings yn de Tsjerke en beneamde syn eardere kânsler Pietro Cadalus, dy't út de Veronese adel stamde en biskop fan Parma wie, as tsjinpaus om sa syn belangen feilich te stellen. Pietro Cadalus naam de namme Honoarius II oan. Aleksander II waard lang om let dochs algemien akseptearre as paus, nei er mei help fan Normandyske bûsmaten militêre aksjes ûndernommen hie tsjin Cadalus.

Under Aleksanders pontifikaat krige de Roomske Tsjerke politike ynfloed op Europeesk nivo. Aleksander II stipe mei ôffurdigen it ynternasjonale belis fan de moslimstêd Barbastro yn Noard-Spanje. Nei alle gedachten stjoerde er it leger in Piterbanier, dy't er in pear jier letter ek nei de Normandyske hartoch Willem stjoerde om dy syn ambysjes op de Ingelske kroan te ûnderstypjen. Willem de Oermasterer wie in famyljelid fan de Normandyske hearskers yn Súd-Itaalje, dy't al sûnt 1059 ferbûn wiene mei it pausdom.

Ek troch dy goede ferhâldings mei de Normandjers rekke de paus yn ûnmin mei de keizer fan it Hillich Roomske Ryk. De politike spannings namen ta doe't de jonge keizer Hindrik IV fan doel wie fan syn frou Bertha te skieden, itjing paus Aleksander strang ôfkarde.

Aleksander waard opfolge troch paus Gregoarius VII.

Aleksander II besocht yn syn pontifikaat simony (it beteljen om in amt te krijen) oan te pakken en joech oan in soad ôfgesanten en aartsbiskoppen yn hiel Europa de opdracht om herfoarmings ôf te twingen. Eltse geastlike dy't fertocht waard fan simony waard ûndersocht. Geastliken dy't troch in leek yn it amt beneamd moasten in nije wijing ûndergean troch in pauslike ôffurdige. In bekend slachtoffer fan de striid tsjin de hannel yn tsjerklike funksjes wie de biskop fan Konstanz, dy't ôfset waard.

De herfoarmings fan Aleksander lieden yn 1071 ta in botsing mei keizer Hindrik IV. Nei it ferstjerren fan aartsbiskop Guido fan Milaan wiisde Hindrik IV Godfrey de Castiglioneas as opfolger oan. Aleksander ferklearre de ynvestituer lykwols ûnjildich, om't it beneamen fan in aartsbiskop allinne de paus ta kaam en stelde de Milanese preester Attone oan as aartsbiskop. Hindrik IV stjoerde fiif manlju nei Rome om oer de saak te praten, mar Aleksander woe dêr neat fan witte en ekskommunisearre de fiif manlju. De herfoarmings fan Aleksander soe noch foar in soad argewaasje tusken Hindrik IV en de pausen soargje.

Paus Aleksander II wie ien fan de earste pausen dy't in goede behanneling fan joaden op it aljemint brocht. De paus priizge yn 1065 de greve van Narbonne en de biskop fan de stêd dat hja harren sa ynset hiene om in moardnerij ûnder joaden tefoarren te kommen. Hy skreau dat God it ferjitten fan ûnskuldich bloed ôfkarde. Noch itselde jier fermoanne er de prins fan Benevento dat it bekearjen fan joaden net ûnder twang plakfine mocht. Doe't Aleksander II de kristenen oanmoedige Barbastro werom te feroverjen op de moslims, joech er ynstruksjes oan de ridders en de biskoppen fan Narbonne om de joaden by dy krústocht te beskermjen, "sadat se net fermoarde waarden troch de mânskippen dy't Spanje fan de Sarasenen befrije moasten". De paus foege dêr oan ta dat de posysje fan de joaden ferskilde fan dy fan de Sarasenen: "it is rjochtfeardich te fjochtsjen tsjin dyjingen (de Sarasenen) dy't kristenen ferfolgje en harren út de stêden en eigen hûzen ferjeie".[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige en Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Alexander II. (Papst) en:Pope Alexander II


  1. Reconquest and crusade in medieval Spain, Joseph O'Callaghan (2003), side 25, ISBN 978-0812218893