Parallel (geografy)
In parallel as breedtesirkel is in sirkel oer it ierdoerflak fan de punten mei deselde ôfstân ta de evener. By útwreiding kinne parallellen ek op oare planeten tapast wurde.
Relaasje mei evener
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar in parallel jildt dat eltse line troch troch it midspunt fan de Ierde en in punt op de parallel deselde hoeke makket mei it flak troch de evener. Oars as by de meridianen moetsje de parallellen elkoar net; de sirkels rinne parallel. Om't elts punt dêrmei op mar ien parallel leit is dat de parallel fan dat punt. It is mooglik ûnbeheind sokke sirkels te lûken; lykwols is de grutste tapassing dy fan in geografysk koördinatestelsel. Utgeand fan de evener as nulparallel kin foar de parallel fan elts punt op it ierdoerflak de hoeke fêststeld wurde mei it flak troch de evener. Dit kin dan as de iene ordinaat brûkt wurde, as oantsjutting fan de noard-súd posysje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit systeem is yn de 2e iuw betocht troch Ptolemaeus, dy't útgong fan mjittings fan de sinne. In parallel is dan de line fan punten dêr't de middei-sinne like heech stiet. De wearde fan de parallel wie dan it ferskil fan mei de sinnehichte op evener. Op evennachtsdagen stiet de sinne rjocht boppe de evener, dat it wie it ferskil tusken njoggentich graden en de middei-hichte fan de sinne op de parallel op evennachtsdagen. Om't dit stelsel op de Middellânske See tapast waard, dy't fan east nei west rint, waard dit ferskil mei de evener de breedte neamd. Foar in punt noard fan de evener hiet de ordinaat noarderbreedte, foar in punt súd fan de evener is it suderbreedte.
Bysûndere parallellen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In pear parallellen hawwe in namme:
- 90° Noard
- de noardpoal; in sirkel dy't mar ien punt grut is.
- 66° 33' Noard
- de noardpoalsirkel - noard fan dizze parallel is der poaldei en poalnacht.
- 23° 27' Noard
- de noardlike kearkring - súdlik fan dizze parallel stiet de sinne twa kear yn it jier rjocht boppe.
- 0° Noard/Súd
- de evener.
- 23° 27' Súd
- de súdlike kearkring - noardlik fan dizze parallel stiet de sinne twa kear yn it jier rjocht boppe.
- 66° 33' Súd
- de súdpoalsirkel - súd fan dizze parallel is der poaldei en poalnacht.
- 90° Súd
- de súdpoal; in sirkel dy't mar ien punt grut is.