Panenteïsme
Appearance
(Trochferwiisd fan Panenteisme)
Panenteïsme (Gryksk: pan=alle, en=yn en theos=god) is de sjenswize dat God ymmanint is in it heule universum, dat it universum in diel is fan God en dat God de driuwende krêft is yn it universum. Oars as it pantheïsme, betsjut panenteïsme net dat it universum synonym is mei God. Yn stee dêrfan giet panenteïsme derfan út dat God mear is as it universum: God is én transendint en ymmanint. Yn in soad teologyske foarmen wurdt God dêrom sjoen as de skepping, de universele moraal en de skepper dêrfan.