P-47 Thunderbolt
Republic P-47 Thunderbolt | |
---|---|
Rol | Eskortejager, jachtbommesmiter |
Makker | Republic Aviation |
Untwerper | Alexander Kartveli |
Earste flecht | 6 maaie 1941 |
Yn tsjinst | 1942 |
Ut tsjinst | 1966 (Perû) |
Tal makke | 15.660 - 15.677 (1941-1945) |
Grutste brûkers | United States Army Air Forces, Royal Air Force, Frânske Loftmacht |
Farianten | XP-47A, XP-47B, P-47B,P-47C, P-47D, P-47G, XP-47K, XP-47L, XP-47H, XP-47J, P-47M, P-47N |
De Republic P-47 Thunderbolt (bynamme "Jug") wie in ienmotorige jachtfleanmasine fan de USAAF dy't yn de Twadde Wrâldkriich in protte brûkt wurden is.
It tastel wie yn it earstoan ornearre foar loftfjochterij en it eskortearjen fan bommesmiters, mar it die bliken dat it likegoed as better foar grûnoanfallen foldie. Neist de Feriene Steaten hiene ek oare alliearde loftmachten it tastel yn harren arsenaal. It ûntwerp wie fan Alexander de Seversky en Alexander Kartveli.
Untjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Republic Aviation Company kamen ta it beslút dat har prototypes XP-44 en XP-47 ynferieur wiene fergelike mei de Dútske jagers by it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich. Sy ferbetteren it ûntwerp en lang om let late dat ta de XP-47A. Dat prototype waard folslein feroare ta de XP-47B, dy't suver gjin oerienkomsten mear hie mei de A-fariant, troch de Amerikaanske loftmacht beteld waard yn juny 1940. It wie in noflik tastel foar de piloat, de cockpit hie bygelyks airconditioning.
Fanwege de yngewikkelde turbosupercharger waard de romp fan it tastel frijwat djip. De wjukken waarden dêrtroch relatyf heech set. De grutte diameter fan de propeller, 3.7 m, betsjutte dat it lâningsgestel tige lang wurde moast. Om dat op te lossen koe it lâningsgestel 230 mm útskood wurde middels in teleskoop-meganisme. It tastel waard sa de swierste jager ea makke. De XP-47B fleach foar it earst op 6 maaie 1941 en makke in soad yndruk wat fleaneigenskippen oanbelange.
Wylst Republic besocht om problemen mei rolroeren, masinegewearen, brânstofsysteem en ûntstekkingssysteem te helpen, bestelde de USAAF al 171 P-47B's; it earste prototype waard yn desimber 1941 levere.
Operasjoneel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De P-47C wie de earste fariant dy't brûkt waard foar in gefjochtsmissy ein juny 1942. Der waarden letter ferskate oanpassingen dien dêr't de P-47D út ûntstie; dêrfan binne de fierwei de measten makke, nammentlik 12.602. Nei WKII binne der in soad tastellen oan Súd-Amerikaanske lannen levere oant yn de jierren 60. Der binne in totaal fan 15.686 Thunderbolts boud. In lyts oantal is hjoeddendei noch fleanree.
Spesifikaasjes (P-47D Thunderbolt)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bemanning: 1
- Lingte: 11.00 m
- Spanwiidte: 12.42 m
- Hichte: 4.47 m
- Fleanoerflak: 27.87 m²
- Gewicht leech: 4.536 kg
- Gewicht laden (maks.): 7.938 kg
- Motor: 1 Pratt & Whitney R-2800-59 radiaalmotor fan 2.535 hk (1,890 kW)
- Maks. faasje: 697 km/o op 9.145 m
- Fleanberik: 1290 km (by gefjocht)/ 2900 km (krúsfaasje)
- Maks. plafond: 13.100 m
- Stiichfaasje: 15,9 m/s
- Belesting: 284,8 kg/m²
- Bewapening:
- 8 × .50 in (12.7 mm) M2 Browning masinegewearen (3400 patroanen)
- Oant 1.134 kg bommen
- 10 × 5 inch (127 mm) raketten
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory P-47 Thunderbolt fan Wikimedia Commons. |