Springe nei ynhâld

Pûndjaabsk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pûnjaby)

Pûndjaabsk is in taal dy't sprutsen wurdt yn de Pûndjaab (dat "lân fan de fiif rivieren" betsjut). De taal hat likernôch 129 miljoen sprekkers. It is de offisjele taal yn de Yndiaaske dielsteat Pûndjaab en de meast sprutsen taal fan Pakistan. De taal wurdt benammen sprutsen troch de Pûndjaby.

De moderne Pûndjaabske wurdskat is beynfloede troch oare talen, lykas Hindy, Oerdû, Perzysk, Sanskryt en Ingelsk.

Krektas it Ingelsk hat Pûndjaabsk him oer de wrâld ferspraat en lokale foarmen ûntwikkele troch lokale wurdskat yn him op te nimmen. Hoewol't de measte lienwurden út it Hindûstaansk, Perzysk en Ingelsk komme, hawwe Pûndjaabske emigranten oer de hiele wrâld de termen oernomd út talen as it Spaansk en Nederlânsk. In "Pûndjaabske diaspoara" docht him dus foar. Om't der gjin formele konsensus is oer de wurdskat en de stavering fan it Pûndjaabsk, is it oannimlik dat de Pûndjaabske diaspoara yn de takomst mear en mear ôfwike sil fan de foarmen op it Yndiaaske subkontinint.

Der wurde meardere skriften brûkt om Pûndjaabsk te skriuwen, ôfhinklik fan de streek en it sprutsen dialekt en ek it leauwe fan de sprekker. It skrift dat brûkt wurdt foar it skriuwen yn Pûndjaabsk yn de Pûndjaab provinsje fan Pakistan stiet bekend as Sjamûky (út de mûle fan de Keningen), in modifisearre ferzje fan it Nasta'lysk skrift. Siks en oaren yn de Yndiaaske steat Pûndjaab brûke it Gurmûky (út de mûle fan de Goeroes) skrift. Hindoes en dejingen dy't yn omlizzende steaten libje lykas Haryana en Himachal Pradesh brûkte soms it Devanjagary skrift. It Gurmûky en Sjahmûky skrift wurde it meast brûkt yn it Pûndjaabsk en dy wurde beskôge as de offisjele skriuwwizen foar de taal.