Ovoo
Appearance
(Trochferwiisd fan Ovo)
In ovoo is in min ofte mear piramidefoarmige heap stiennen, hout en oare dingen, lykas stikkene flessen en sjalen. Ovoo's binne in tradisjonele offerjefte oan 'e goaden yn Mongoalje dy't strategyske plakken makke wurde, lykas op in berch- of heuveltop of yn in berchpas. It giet dan om in plak fan natuerlike skientme, seine troch in lama fan it Tibetaansk boedisme.
Ornaris rinne leauwenden dy't in ovoo foarbykomme der trije kear tsjin 'e klok yn omhinne, om der dêrnei har eigen offerjefte, lykas in stien, in stikkene flesse of in bytsje jild, oan ta te foegjen en in winsk te dwaan.
Al wurde de ovoo's no assosjearre mei it Boedisme, harren oarsprong leit yn it preboedistyske sjamanisme yn Mongoalje.