Oerlis:Dinosauriërs

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Dinosaurussen)

Taksonomy[boarne bewurkje]

Ik ha by de taksonomy de ûnderferdieling fan de dinosaurussen stean. Der stean ek nammen by dy't mei in c begjinne. Is dat slim? It binne neffens my Latynske nammen. Groetnis --Kening Aldgilles 14 jun 2009, 13.20 (CEST)[beäntwurdzje]

Jo soenen de opmaak wat gelyk hâlde kinne oan dy fan de taksonomyseksjes by oare taksons. Dan blykt út it ferskil yn opmaak dat iy Latynske nammen binne yn stee fan Fryske.

stavering[boarne bewurkje]

Dinosaurussen kin wol, mar dynosaurjer ynstee fan dinosauriër?--Swarte Kees 14 jun 2009, 13.30 (CEST)[beäntwurdzje]

It makket my net folle út. Dinosauriër wie in besteande keppeling. It Frysk Hânwurdboek jout 'Dinosaurus' (iental) en 'Dinosaurussen' (meartal). --Kening Aldgilles 14 jun 2009, 14.36 (CEST)[beäntwurdzje]
Dynosaurjer hat by mei de foarkar. --Geoffrey 14 jun 2009, 15.17 (CEST)[beäntwurdzje]
Bedoelsto dat wy de namme fan it artikel feroarje moatte? Of dy oare keppelings oanpasse? Of beide? Yn it Frysk Hânwurdboek stiet 'dinosaurus'. Jim ha beide beheardersrjochten, dat at jim de namme feroarje wolle, mei dat om my wol. Groetnis --Kening Aldgilles 14 jun 2009, 21.00 (CEST)[beäntwurdzje]
Nee, mar as wy in kar meitsje moatte tusken Dinosauriër of Dinosaurjer, dan haw ik leaver de útgong op jer. Betink my no, dat ik dyn oerlis mei Swarte Kees net goed begrepen ha. Gr. --Geoffrey 14 jun 2009, 21.36 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat "dinosauriër" is gewoan in oerkorrektens fan guon Nederlanders. Ik soe net witte wêrom wy dy oan it Frysk tafoegje wolle soenen, at wy al Dinosaurus en Dinosaurussen hawwe, en yn it Latynsk Dinosauria. As wy in kar meitsje moatte dan haw ik leafst gjin fan beiden. Aliter 15 jun 2009, 00.51 (CEST)[beäntwurdzje]