Nije Feart (It Bilt)
Appearance
De Nije Feart (Biltsk en offisjeel: Nije Faart; Nederlânsk: Nieuwe Bildtdijkstervaart) is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. De feart rint fan Swarte Haan, dêr't ferbining is mei de Kâlde Feart nei it easten oan Nijebiltsyl ta. Dêr stiet de feart yn ferbining mei de út it suden kommende Kaaifeart. De Nije Feart rint njonken de Nije Biltdyk. Sawat in kilometer súdliker rint de Alde Feart.
De namme Nije Faart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Bildtdijkstervaart.