Springe nei ynhâld

Seemyl

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nautyske myl)
Berekkening fan in seemyl.

In seemyl (Ingelsk: Nautical mile, ôfkoarte NM of nmi) is in lingtemjitte dy't lyk is oan 1852 meter. Dat in seemyl is langer as in (Ingelske) myl (1609,344 meter).

De seemyl wurdt as ienheid fan ôfstân brûkt yn de seefeart en de loftfeart. Ek de ôflate snelheidsmjitte knoop (seemyl yn 't oere) wurdt hjir in soad brûkt.

Lange tiid hat de lingte fan de seemyl net krekt definiearre west. De Ingelske wiskundige Richard Norwood besluet om 1635hinne de lingte fan in grutsirkel (lykas de evender of lykas alle grutsirkels dy't de lingtegraden bepale) krekt op te mjitten en stelde de wearde fan de seemyl op 1/60e fan in bôgegraad fan dizze grutsirkel, ién bôgeminút. Syn mjitting fan de ôfstân fan de Tower of London oant York, sa'n 280 kilometer, koste twa jier en siet der neffens hjoeddeiske mjitstêven mar 600 meter nêst, in fout fan 0,2%. Syn mjitting stelde de wearde fan in graad op 110,72 kilometer, wêrmei't syn seemyl op 1,845 kilometer kaam.

Letter waard yn Frankryk de grûnslach lein foar it metryk stelsel. Hjiryn waard bepaald dat de meter per definysje 1/10 000 000 diel wie fan ôfstân fan de evender oant de noardpoal, mjitten oer de meridiaan fan Parys. Los fan de lingte fan dy meridiaan krige de seemyl dêrmei de wearde fan 10 000/(60×90) = 1,851 85 kilometer. Yn 1929 waard by de International Extraordinary Hydrographic Conference te Monako de lingte fan de seemyl fêststeld op eksakt 1852 meter.
Sûnt 1983 is de meter definiearre as de ôfstân dy't ljocht yn 1/299 792 458 sekonde yn fakuüm ôfleit.

By plakbepaling op see en yn de loft wurdt meast yn seemilen rekkene. De skaalferdieling fan seekaarten is dochs al yn graden en minuten, mei in passer kin dan ienfâldich de ôfstân yn seemilen lâns de fertikale side fan de kaart ôfmjitten wurde. Net lâns de horizontale side, omdat dy bôgeminuten "koarter" wurde neigeraden men fierder by de evener wei is.

De seemyl wurdt opdield yn tsien stikken fan 185,2 meter neamd keabellingtes.