Springe nei ynhâld

Musical

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Musikal)
The Black Crook (út 1866), gauris oanwiisd as de earste musical.

In musical (fan it Ingelske musical, in ôfkoarting fan musical theatre, "muzikaal teäter") is in foarm teäter wêryn't toaniel (d.w.s. sprutsen dialooch) kombinearre wurdt mei muzyk, sang en faak ek dûns. Dêrby wurdt net it hiele toanielstik yn sang opfierd, lykas by in opera, mar inkeld in stikmannich yntermezzo's, dy't lykwols in yntegraal ûnderdiel fan it stik foarmje. In filmmusical is in film yn 'e foarm fan in musical, faak op basis fan in eardere toanielmusical. In jukeboxmusical is in musical dy't bekende muzyk brûkt ynstee fan nije lieten.

De earste musicals waarden oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn New York opfierd. It sjenre kaam fuort út 'e tradysje fan it vaudeville, oftewol de Amerikaanske revu, mei as wichtichste ferskil dat it by in musical net om allegear aparte stikjes, mar om in trochrinnend ferhaal gie. As earste musical wurdt gauris The Black Crook, út 1866, neamd, al beskôgje in protte saakkundigen it folle grutskaliger Show Boat, út 1927, pas as de earste moderne musical. It sjenre berikte yn 'e fyftiger en sechtiger jierren in hichtepunt yn populariteit, mei musicals as Porgy and Bess (dat strikt nommen in opera is, mar faak as musical beskôge wurdt), Kiss Me, Kate, Oklahoma, Fiddler on the Roof (yn it Nederlânsk Anatevka) en My Fair Lady. Yn dyselde snuorje waarden der ek musicals ferfilme, mei as fierwei de bekendste The Sound of Music, út 1965.

Neitiid rekke it sjenre in pear desennia wat yn it neigean, mar fan 'e iere jierren njoggentich ôf is it oan in nije opmars begûn. Ferneamde musicals út resinte jierren binne Cats, Les Misérables, Evita, The Phantom of the Opera, The Lion King en Chicago. Mei't de term "musical" daliks assosjaasjes opropt mei de The Sound of Music en soartgelikense, faak as âldfrinzich beskôge stikken út 'e midden fan 'e tweintichste iuw, brûkt men tsjintwurdich gauris de namme rock opera foar in musical dy't ôfstân nimme wol fan datsoarte produksjes.

Yn Nederlân waarden de earste musicals oan 'e ein fan 'e jierren fyftich út 'e Feriene Steaten wei ymportearre, earst noch yn it Ingelsk, mar fan 'e sechtiger jierren ôf ek yn Nederlânsktalige ferzjes. De earste orizjinele Nederlânske musicals, lykas Heerlijk Duurt het Langst (1965) en En Nu naar Bed (1971) waarden skreaun troch Annie M.G. Schmidt en Harry Bannink. Yn 'e jierren santich wie ek Jos Brink tige aktyf op it mêd fan musicals. Fan 'e njoggentiger jierren ôf bejoech tillefyzjeprodusint Joop van den Ende him op dat terrein. Syn earste eigen musical, Cyrano de Musical (nei it toanielstik Cyrano de Bergerac) flopte, mar letter wist er dochs grut súkses te krijen mei The Phantom of the Opera, Les Misérables en Soldaat van Oranje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Further reading, op dizze side.