Springe nei ynhâld

Molotovcocktail

Ut Wikipedy
Finske molotovcocktail mei stoarmlúsjefers as ûntstekking
Radikale demonstranten smite molotovcocktails yn de rjochting fan de plysje

In molotovcocktail is in mei de hân smiten brângefaarlik wapen besteande út in mei brânbere stoffen folle hâlder mei in lont (ornaris in glêzen flesse mei brânbere floeistoffen dy't mei in stoffen lont ôfsletten is). By gebrûk wurdt de oan de hâlder befêstige lont oanstutsen en it wapen smiten, wêrby't it by de ynslach fersplinteret. Dat ûntstekt de brânbere stoffen yn de flesse en ferspriedt flammen.

Molotovcocktails binne fanwegen har relatyf ienfâldige produksje typysk ymprovisearre wapens. Har ymprovisearre gebrûk fariearret fan kriminelen, relskoppers, fuotbalhooligans, stedsguerrilla's, terroristen, irreguliere soldaten, frijheidsstriders en sels reguliere soldaten, yn it lêste gefal faak troch in tekoart oan lykweardige militêre wapens.

Foar de baarnende floeistof wurde mingsels brûkt, lykas:

Skiednis en gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It komôf fan dit wapen leit nei alle gedachten yn de Spaanske boargeroarloch dêr't dizze simpele, mar doeltreffende bom troch de troepen fan Franco brûkt waard as antytankkwapen.

Monargisten yn 'e Spaanske boargeroarloch mei in molotovcocktail

De Finnen namen dizze útfining massaal oer yn de Winteroarloch tusken de Sovjet-Uny en Finlân. De Finnen neamden it nije wapen 'molotovcocktail', nei Vjatsjeslav Molotov, de minister fan Bûtenlânske Saken fan de Sovjet Uny. De grap wie dat se "om te drinken by de itenspakketten" wiene. Dy "itenspakketten" wiene Sovjet-bommen, hoewol 't Molotov claimde dat it humanitêre itensleveringen" wiene. Sa'n 450.000 molotovcocktails waarden fabrisearre yn de Alko-wodkadestillearderij fan it Finske regear.

Ek de Russen brûkten molotovcocktails, hoewol't dy зажигательные бутылки (zazhigatelnije butilki) neamd waarden, letterlik oersetten betsjut dat 'brânende flessen'. [1] Hoewol't jin wol bekend wiene mei de term " molotovcocktail " waard it polityk ynkorrekt achte om grappen te meitsjen oer minister Molotov. [2]

Yn it Russyske leger wiene twa types molotovcocktail standerdisearre: de "КС" (KS) en No. 1. In inkelde molotovcocktail fan it model LDODK baarnde 90 oant 180 sekonden mei in temperatuer fan 800 -1000 ° C, wylst de No. 1 40 oant 50 sekonden baarnde mei in temperatuer fan 700 -800 ° C. Beide mingsels waarden yn flessen fan 0,5 oant 0,75 liter getten. Foar beide modellen gou ek dat se net ûntbrâne soene as de temperatuer leger as -40 ° C wêze soe. [3]

Ek no noch oefenje in soad moderne militêren it gebrûk fan molotovcocktails.

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Molotowcocktail


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Наставление по стрелковому делу: Ручные осколочные и противотанковые гранаты и зажигательные бутылки (1946), s.87
  2. Soviet Rifleman, Gordon L Rottmann, s.28
  3. Наставление по стрелковому делу: Ручные осколочные и противотанковые гранаты и зажигательные бутылки (1946), s.87-94 (Hânboek hânfjoerwapens: Hânfragmintaasje- en antytankgranaten en brânbommen (1946)