Springe nei ynhâld

Mockema Blauhûs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mockemastate)

Mockema Blauhûs of Mockemastins wie in stins oan de Dokkumer Ie, dêr't eartiids in syl lei, yn Dokkum, gemeente Dongeradiel.

Plattegrûn fan Dokkum, 1616 fan de Gelderske kartograaf Nicolaas van Geelkerkcken.
It gemeentehûs stiet by de syl oan it Dokkumer Grutdjip.

It boujier is net bekend. It Mockema Blauhûs wie wierskynlik in sealstins, dy't al yn de 16e iuw ôfbrutsen waard. De oarsaak dêrfan sil west hawwe dat Dokkum de meast Fetkeaperske stêd fan hiel Fryslân wie. Dat betsjutte dat de bestjoerlike funksjes rillegau yn hannen fan de boargerij kamen. De âlde grûnbesittende adel hie net folle mear yn te bringen yn it bestjoer fan de stêd en ferliet de stedshuzen. Op de fûneminten fan it Mockemahûs is yn 1608 it stedhûs boud.

It Mockema Blauhûs wie in sealstins, dy't in laaien kape hie. Neffens de yndieling fan de kelders fan it stedhûs, soe de Mockemastins yn de breedte oan de Syl boud wêze en moat it in seal hân hawwe dy't sawat twatredde fan it oerflak besloech en dêrneist in lyts fertrek. It hûs hie in skiedingswand, sa't dy by in soad oare let-midsiuwske wenningen wenst is. Oan ien of beide siden fan dizze wand, siet it stookplak. Dy muorre hat troch de iuwen hinne beskiedend west foar de asymmetryske yndieling fan it stedhûs. Der binne gjin nammen fan bewenners bekend.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: