Springe nei ynhâld

Metryk stelsel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Metryske systeem)
Ynfiering fan it metryske stelsel yn de wrâld

It metrike stelsel of metryske stelsel brûkt de meter as rekkenienheid foar lingte, oerflakte en ynhâld, yn tsjinstelling ta it âldere systeem, dat mei tommen, jelnen en fuotten wurke. Ofstân, oerflakte en ynhâld hawwe no deselde basisienheid, wêrtroch't omrekkenjen folle ienfâldiger wurdt.

It metrike stelsel waard net ynfierd buy de deistige tiidmjitting. Hjir is noch altiten sprake fan 12 moannen, 365 dagen, 24 oere, 60 minuten en 60 sekonden. Mar eenheden, lytser as in sekonde, binne wol desimaal, bygelyks 1/100 fan in sekonde. Yn de meganika en wittenskip is de sekonde as ienheid fan tiid lykwols al lang de standert.

De ynfiering fan it metryk desimaal stelsel, yn 1799, kin beskôge wurde as ien fan de wêzentlikste feroarings fan de Frânske Revolúsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: