Springe nei ynhâld

Melrose

Ut Wikipedy
Melrose
Ruïne fan de abdij fan Melrose
Ruïne fan de abdij fan Melrose
Bestjoer
Lân Skotlân
Unitary authority Scottish Borders
Greefskip Roxburghshire
Sifers
Ynwennertal 1.671 (2001)

Melrose is in stedsje yn Skotlân, yn de Scottish Borders, oan de rivier de Tweed. Melrose leit yn it greefskip Roxburghshire

Beda wurdt yn ferbân brocht mei it ûntstean fan it plak. Iere 12e iuw stifte kening David I fan Skotlân dêr in abdij, de Melrose Abbey.

Neffens de leginde soe kening Arthur bedobbe west wêze yn de Eildonhichten net fier fan de stêd. In stikmannich kilometers nei it westen leit Abbotsford House, de bûtenpleats fan de skriuwer Sir Walter Scott.

Yn Melrose soe de rugby-fariant Rugby Sevens ûntstien wêze.