Max Werner
Max Werner | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Max Werner | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 29 desimber 1953 | |
berteplak | Hilfertsom | |
stoarn | 9 april 2024 | |
stjerplak | Hilfertsom | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Drums | |
grutste hit(s) | Rain in May |
Max Werner (Hilfertsom, 29 desimber 1953 - Hilfertsom, 9 april 2024) wie in Nederlânsk drummer en sjonger. Hy wie bekend as de drummer fan Kayak.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Werner krige syn oplieding ta drummer oan it Hilfertsomske Konservatoarium dêr't er ûnder oare les krige fan de heit fan syn lettere Kayak kollega Pim Koopmans, dy't de drummer waard fan Kayak. Hy wie tsjin wil en tank sjonger (en mellotronspiler) op de earste fiif Kayak-albums. De band waard lykwols mei troch syn markante sjongstim bekend. Hy fielde kommersjele druk om syn klachten oer de sang net al te folle nei bûten te bringen. Nei it album Starlight Dancer makke er syn ûntefredenheid bekender en hy stapte oer op de drums; Edward Reekers waard de nije sjonger. Nei it (foarearst) opheffen fan de groep wurke er ûnder oaren as gastmuzikant by oare artysten. Sa spile er mei op Land of Tá van Nadieh. Dêrneist wurke er ek as postrinner.
Nei de comeback fan Kayak yn 1999 trede er opnij oan as sjonger foar it album Close to the Fire. Nei de toernee yn 2000 waard de gearwurking beëinige.
Werner hat solo fjouwer albums opnommen. Yn 1981 hie hy in ynternasjonale hit mei it nûmer Rain in in May (nr. 3 yn Nederlân en nr. 1 yn Dútslân).
Ek naam hy tegearre mei syn âlde Kayak-kollega Johan Slager yn 1981 diel oan de reüny fan Ekseption. Hy spile drum, percusje en maribema op it album Dance Macabre. Ek wie er yn novimber 1993 lid fan de band Ekseption by de opnamen fan twa livealbums dy 't yn 1994 ferskynden, The Reunion en Best of Ekseption.
Max Werner ferstoar op 9 april 2024, yn 'e aldens fan 70 jier.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht yn | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
See See the Sun | 1973 | Kayak | Lyrics, Mammoth, See see the sun |
Kayak | 1974 | Wintertime, We are not amused | |
Royal Bed Bouncer | 1975 | Chance for a lifetime | |
The Last Encore | 1976 | Still my heart cries for you | |
Phantom of the Night | 1979 | Ruthless Queen, Phantom of the night | |
Rainbow's End | Max Werner | Rainbows End | |
Periscope Life | 1980 | Kayak | Periscope life, Anne, Lost blue of Chartres, Total loss |
Merlin | 1981 | The king's enchanter, Seagull | |
Seasons | Max Werner | Rain in May, Summer in the City, Like An Autumn Leaf | |
How Can It Be... Like This? | 1988 | ||
Not the Opera | 1995 | ||
Close to the Fire | 2000 | Kayak | Close to the fire |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|