Manipulaasje
Manipulaasje is yn de psychology in begryp dêr't mei bedoeld wurdt: de wize fan oertsjûgjen fan in persoan, om ta in bepaald idee fan in saak of in oar te kommen middels beynfloeding fan dy persoan syn persoanlike libbenssfear, syn persoanlike (leauwens-)oertsjûging sûnder dêrby de werklike arguminten te brûken.
De grins tusken manipulaasje en normale beynfloeding is amper te lûken; allinnich de beide utersten binne werkenber.
Manipulaasje komt yn de reklameúteringen in protte foar. Faak wurdt der oan de ûntfanger fan it boadskip ûnbewust (neimakke-)ynformaasje jûn of der wurdt ynspile op argetypyske gefoelens. De sabeare ynformaasje hat dus ynfloed op it beriedsproses fia de besteande oertsjûgings of besteande (oer-)eangsten.
In foarbyld as ferdúdliking. De stelling is: "As in man gjin bier mei is hy in seksuele kneus". It is dúdlik dat de eangst hjir is: kneus (dat argetypysk de minste fan de groep, dat ek it minste fiedsel, dat ek de grutste kâns om te ferstjerren) en dan noch seksueel ek (argetypysk ek hjirom de minste fan de groep, dat ek gjin fuortplanting, dat ek de grutste kâns om as genetysk materiaal út te stjerren).
Manipulaasje betsjut fan oarsprong: 'mei de hân' (Latyn: manus) 'oanpassings meitsje'. It wurd manipulaasje hat in negative byklank, dêrom wurdt faak it neutralere modifikaasje brûkt.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |