Managûamar
Appearance
De Managûameer (ek Xolotlánmar neamd, Spaansk: Lago de Managua of Lago Xolotlán) is in mar yn Nikaragûa. De mar leit yn de departeminten Managûa en León en is ûngefear 65 by 25 kilometer grut. Oan de súdkust fan de mar leit de Nikaragûaanske haadstêd Managûa.
Fia de Tipitapa stiet de mar yn ferbining mei de Mar fan Nikaragûa. De bollehaaien dy't yn de mar libje kinne troch de swiere fersmoarging de Mar fan Managûa net berikke. De mar is nammentlik bot fersmoarge troch de kwiklossings fan Eastman Kodak. Yn Managûa is in programma begûn om de fersmoarging te ferminderjen.
Fia de Tipitata, de Mar fan Nikaragûa en de San Juan stiet de mar yn ferbining mei de Karibyske See, hoewol't de Grutte Oseaan mar in pear kilometers fierder leit.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lake Managua fan Wikimedia Commons. |