Maja (mytology)
Maja (Gryksk: Μαῖα, Μαίας of Μαίη) is yn de Grykske mytology de âldste fan de Pleiaden, de sân dochters fan Atlas en Pleione. Hja wurdt mei har sussen ek wol as ien fan de berchgodinnen neamd, omdat sy op de berch Syllene berne binne yn Arkaadje. Maja is de âldste, moaiste en meast bleuje fan de Pleiaden.
Yn in grot yn de berch Syllene waard Maja troch de god Seus swier makke en mem fan Hermes. Dat ferhaal is ús bekend wurden yn de Homeryske Hymne oan Hermes.
Neidat Maja Hermes krigen hie, wikkele sy him yn in tekken en gie sliepen. De lytse pop, dy't fluch âlder waard, krûpe nei Thessaalje, dêr't er yn de skimer fan de earste dei wat fee fan de god Apollon stal. Ek fûn er de lier út. Doe't Maja dat te hearren krige, wegere sy dat te leauwen, en pas doe't Seus tuskenbeiden kaam en de side fan Apollon keas, wie sy oertsjûge. Apollon hoegde syn fee net tebek, mar hâlde wol de lier as priis.
De maaiemoanne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Romeinen fieren eartiids ferskate feesten yn de maaitiid. Begjin maaie hienen sy it blossemfeest dat meardere dagen doarre, de Floralia hiten. Op de earste dei fan maaie fieren sy it feest fan de ierdgodinne Bona Dea ('de Goede Godin'), dy't letter mei de Grykske godin Maja ferienselfige waard. It Grykske wurd μαια (maja) betsjutte oarspronklik 'mem' en letter 'froedfrou' (μαιεια-maieia). De Romeinen ferearen dizze Grykske memmegodin sadat sy de planten yn de natuer waakse litte soe. En sy neamden de maaiemoanne (Maius yn it Latyn) nei har. It Latynske wurd maior (= 'grutte') is oan maia besibbe, likegoed as it wurd maiestas (= 'oansjen', 'pracht', 'it heech yn oansjen wêze', 'fverheven wêze'). Yn de Midsiuwen ûntstie yn Itaalje it gebrûk om maaiemoanne ta weien oan de Hillige Faam Marje, "de Mem Gods".
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pleiades (mythology) fan Wikimedia Commons. |