Springe nei ynhâld

Lytse Sûnda-eilannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lytse Soenda-eilannen)
Lytse Sûnda-eilannen

De Lytse Sûnda-eilannen (of Nusa Tenggara) is in eilannegroep yn Súdeast-Aazje. Mei de Grutte Sûnda-eilannen foarmje sy de Sûnda-eilannen. De eilannekloft is ûnderdiel fan de Sûndabôge en meast fan fulkanyske oarsprong.

De eilannen lizze eastlik fan Java en omfiemje de Yndonezyske provinsjes Bali, West-Nusa Tenggara en East-Nusa Tenggara en dêrneis de ûnôfhinklike steat East-Timor. Der wenje likernôch 12 miljoen minsken op in oerflak fan 87.700 km².

De neikommende eilannen binne part fan de Lytse Sûnda-eilannen:

Yn de Lytse Sûnda-eilannen wurde sa'n 70 talen sprutsen. De foarneamste talen nei oerflak fan it taalgebiet binne it Sasak (op Lombok), it Sûmbawareesk (op Sûmbawa), it Kamberaask (op Sûmba) en it Uab Meto (op Timor).

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lesser Sunda Islands fan Wikimedia Commons.