Lyryk
Lyryk is yn 'e letterkunde de sammelnamme foar teksten (almeast gedichten), wêrmei't de skriuwer in persoanlik gefoel uterje wol. De term is ôflaat fan it Grykske λύρα (lúra), dat fan "liere" betsjut. Oarspronklik wiene lyryske teksten dus gedichten of lieten by it sjongen wêrfan't men jinsels of oaren op 'e liere begeliede koe.
As literêr sjenre wurdt de lyryk tradisjoneel ûnderskaat fan 'e epyk, de dramatyk en de didaktyk. It ferskil mei de epyk leit deroan dat by epyk in ferhaal ferteld wurdt, in opienfolging fan foarfallen, wylst lyryk wijd is oan it uterjen fan gefoelens, sûnder dat dêr in beskate folchoarder oan ferbûn is. Foarbylden fan typyske lyryske ûnderwerpen binne de leafdesferklearring foar in kreaze frou of it besjongen fan 'e skientme fan 'e natoer. Dêrút folget dat lyryske gedichten yn 'e regel (folle) koarter binne as epyske gedichten.
De wichtichste foarm fan lyryske poëzij is it sonnet. Ien fan 'e ierst bekende lyryske dichters wie Sapfo fan Lesbos. Tsjintwurdich komt lyryk folle mear foar as epyk of didaktyk, en fan gefolgen kin fierwei it grutste part fan 'e njoggentjinde- en tweintichste-iuwske poëzij ta de lyryk rekkene wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|