Springe nei ynhâld

Loftferkearslieding Nederlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lvnl)
De westlike ferkearstoer op lofthaven Skiphol.

Loftferkearslieding Nederlân, ôfkoarte ta LVNL, is de ynstânsje dy't de loftferkearslieding oan boargerloftferkear yn it Nederlânske loftrom fersoarget. De taken fan LVNL binne fêstlein yn de Wet loftfeart. Sûnt 1 maaie 2016 is Michiel van Dorst algemien direkteur fan de organisaasje.

Neist it haadkantoar op Skiphol-East hat LVNL ferskate fêstigings op de lofthavens dêr't hja de loftferkearslieding fersoarget. Twa ferkearstuorren steane op Skiphol en de oare binne te finen op Rotterdam The Hague Airport, Groningen Airport Eelde en Maastricht Aachen Airport.