Loadewyk II fan Nassau-Weilburg
Appearance
(Trochferwiisd fan Loadewyk II fan Nassau-Weilburch)
Loadewyk II fan Nassau-Weilburg (Weilburg, 9 augustus 1565 - Saarbrücken, 8 novimber 1627) wie in soan fan Albrecht fan Nassau-Weilburg en fan Anna fan Nassau-Dillenburg. Hy folge syn heit yn 1593 op as greve fan Nassau-Weilburg en regearde oant 1602 tegearre mei syn omke Filips IV. Yn 1605 wurdt hy ek greve fan Nassau-Wiesbaden-Idstein, nei it útstjerren fan de regearende line Nassau dêre. Yn 1589 boaske hy mei Anna Maria fan Hessen-Kassel (1567-1626), dochter fan Willem IV fan Hessen-Kassel. Se krigen de neikommende fiif bern:
- Willem Loadewyk (1590-1640), binne opfolger yn Saarbrücken,
- Anna Sabina (1591-1593)
- Albert (1593-1595)
- Sophia Amalia (1594-1612)
- George Adolf (1595-1596)
- Filips (1597-1621)
- Louise Juliana (1598-1622)
- Maurits (1599-1601)
- Ernst Karel (1600-1604)
- Marije Elisabeth (1602-1626), yn 1624 troud mei Freark fan Leiningen-Dagsburg
- Johan (1603-1677), syn opfolger yn Idstein
- Dorothea (1605-1620)
- Ernst Casimir (1607-), syn opfolger yn Weilburg, yn 1634 troud mei Maria fan Sayn-Wittgenstein
- Otto (1610-1632).
Yn 1625 wurdt hy opfolge troch syn soannen en yn 1629 wurdt it greefskip splitst en ferdield ûnder syn soannen. Willem Loadewyk wurdt syn opfolger yn Saarbrücken, Johan yn Idstein en Ernst Casimir yn Weilburg.