Springe nei ynhâld

Linthorst Homankanaal

Ut Wikipedy
It Linthorst Homankanaal op de hichte fan Makkum en Terhorst

It Linthorst Homankanaal leit tusken Beilen en Noordscheschut en ferbynt de Beilervaart mei de Hegefeanske Feart. It kanaal waard iepene yn 1926. Yn 1927 farden der 1200 skippen troch it kanaal.

It kanaal is ferneamd nei de famylje Linthorst Homan, in laach fan Drintske bestjoerders. De feart wie in wichtige reden foar de fêstiging fan smoargensôffierbedriuw VAM yn Wijster. It kanaal en it apart groeven sydkanaal, it VAM-kanaal, hienen neffens de planning in wichtige funksje ferfolle moatten foar de VAM, mar dat is net bard út reden fan it opgong meitsjen fan oare transportmiddels. It kanaal waard yn de jierren '70 sletten foar de skipfeart en is net mear befarber. It is noch wol fan belang foar de wetterhúshâlding fan de omkriten[1][2].

It kanaal hat njoggen brêgen en in slûs.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Linthorst Homankanaal in: Encyclopedie Drenthe
  2. VAM in: Encyclopedie Drenthe