Springe nei ynhâld

De Lawei (teater)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lawei (teater))
De Lawei, 2012

De Lawei is it teäter, skouboarch en kultureel sintrum oan de Boargemaster Wuitewei yn Drachten.

Doe't Drachten yn de jierren fyftich fan de 20e iuw begûn te groeien, foaral troch de komst fan Philips, waard yn 1955 in stifting oprjochte om in kultureel sintrum op te setten.
Op 20 maaie 1960 waard De Lawei feestlik iepene. De skouboarch waard neamd nei in lawei of 'lavei', de tiidwizer foar de feanarbeiders, ek wol de 'klok fan it fean' neamd, dy't ûnder mear it skoft oanjoech. Earste direkteur wie oant 1 juny 1962 J.W. van Zanten, dêrnei naam Roel Oostra it oer.
It gebou De Lawei hie in romme foyer en boppeseal, yn 1972 kaam der in repetysjeromte, kantoaren en ekstra klaaikeamers foar de Noorder Compagnie. Fierders wie der in grutte binnentún. Ek de muzykskoalle "Meldij" waard útwreide en der kaam in romte foar eksposysjes by. Yn 1984 folge in grutte útwreiding mei help fan arsjitekt Abe Bonnema.

Ynearsten wienen der fjouwer beropsfoarstellings, yn seizoen 1962-1963 acht, yn 1965-1966 tolfe, yn 1987-1988 130 en yn 2010 mear as 250. Der binne foarstellings foar begjinnede kabaretiers oant grutte musicals lykas dy fan Joop van den Ende. Neist teäterfoarstellings wurde der kongressen, seminars, presintaasjes, HaFaBrawedstriden (lykas ONFK), symposiums, lêzingen, ensfh. hâlden. De keunstútlien fan de gemeente Smellingerllân hat ek jierrenlang yn it gebou fan De Lawei húsmanne. De Lawei groeide fan in kultureel sintrum nei in skouboarch fan lokaal, regionaal en lanlik belang.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: