Lambertus fan Maastricht
Lambertus fan Maastricht | ||
hillige | ||
Skilderij fan Lambertus (Théodore Schaepkens, 1847) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 636 | |
berteplak | Maastricht | |
stjerdatum | 705 | |
stjerplak | Luik | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerke | |
attributen | Krús, stêf, swurd, in iepen boek, in model fan in tsjerke, in lampe, koaltsjes yn 'e mantel | |
patroan fan | Menaam, Turns, Rotterdam, Luik, Kerkrade, Freiburg im Breisgau; toskedokters, boeren, tekstylarbeiders, sjirurgen |
Lambertus fan Maastricht (ek Lambertus fan Luik) wie biskop fan Tongeren-Maastricht fan 670 oant syn dea. Lambertus wie tsjin de relaasje fan Pepyn mei syn maîtresse Alpaida, de lettere mem fan Karel Martel. Lambertus wurdt beskôge as martler fanwegen syn ferdigening fan it houlik. Syn feestdei is 17 septimber.
Vita
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lambertus soe ôfkomstich wêze út Maastricht en waard om likernôch 635 berne yn in ryk skaai, dat al generaasje lang kristlik wie. Syn heit betroude him op jonge leeftyd ta oan biskop Teodardus, in omke dy't him ûnderrjocht joech yn de teology. Doe't Teodardus yn 699 kleie woe by kening Gilderik II oer it rôvjen fan Frankryske eallju yn syn bisdom, waard er yn de bosken by Speyer fermoarde troch syn fijannen. Mei tastimming fan kening Gilderik waard Lambertus as opfolger fan Teodardus keazen. Nei't kening Gilderik troch in groep aadlike gearspanners ûnder lieding fan de hôfmeier hofmeier Ebroïn fermoarde waard, rekke Lambertus syn beskerming kwyt en moast er de biskopssit opjaan. Hy waard ferfongen troch Faramundus, in pion fan Ebroïn. Lambertus libbe sân jier ferballe as kleasterling yn it kleaster fan Stavelot, mar krige ûnder Pepyn fan Herstal syn biskopssit werom. Hy preke yn Limburch en yn it gruttendiels noch heidenske Brabân en besocht faak Willibrordus, de apostel fan de Friezen.
It wie bekend dat Pepyn oerhuorrich wie en it bêd dielde mei syn skoansuster Alpaida. Dêroer krige Pepyn it mei Lambertus oan de stok, dy't de houlikse trou heech hie en it hâlden en dragen fan Pepyn strang ôfkarde. De krityk fan de side fan de tsjerkelieder soe Alpaida oanset ha om oaren oan te trunen de biskop út de wei te romjen. Lambertus waard yn septimber yn Luik yn syn hûs troch in groep manlju oerfallen en troch ien fan harren mei in spear deade.
De oare ferzje is dat twa bruorren fan aadlike komôf jimmeroan wer tsjerken yn it bisdom plonderen. Doe't de ealju wer tasloegen namen meiwurkers bûten witten fan Lambertus it rjocht yn eigen hân en fermoarden se de twa bruorren. Ut wraak soe harren famylje dêrnei Lambertus yn syn hûs yn Luik deade ha.
Neffens de leginde dreau it lichem fan de biskop yn in boatsje de Maas ôf oant it yn Maastricht oanspielde. De biskop waard yn Sint-Piter by Maastricht begroeven yn in stiennen sarkofaag, dêr't ek syn heit Aper yn rêste.[1].
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn opfolger Hubertus liet trettjin jier nei de moard it omskot fan Lambertus ferhûzje nei Luik. Fanút Luik sette de ferearing fan Lambertus útein. Hubertus joech opdracht om njonken it hûs fan Lambertus in tsjerke te bouwen, de yn 718 foltôge Basilica sancti Landiberti, om dêr de reliken fan Lambertus yn by te setten. Op dat plak ûntstie letter de Lambertuskatedraal, dy't mei de sekularisaasje yn de Frânske tiid ferneatige waard, wêrmei't ek de tombe fan Lambertus ferlern gyng. Yn de katedraal fan Freiburg im Breisgau wurdt de skedel fan Lambertus bewarre.
Lokaal waard Lambertus oanroppen tsjin ferlamming, koarts, eachsyktes, feesyktes en epilepsy. Fanwegen syn ferset tsjin de troubrek fan Pepyn is Lambertus patroan fan de houlikse trou. De feestdei fan de hillige is op 17 septimber.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lambertus wurdt yn 'e regel as biskop ôfbylde. Yn syn hân hâldt er in krús of stêf, somtiden ek in swurd mei de punt omheech. Ek komt in model fan de troch de Frânsen ôfbrutsen Luikse Lambertuskatedraal as attribút foar. De koaltsjes yn syn mantel ferwize nei de leginde dat er as mistsjinner ris gleone koalstjes helje moast foar de wijreek. Om't er neat by him hie om se yn mei te bringen droech hy de koaltsjes yn syn koarhimd sûnder dat der skroeiplakken ûnstiene.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Paneel fan it Marlersskip fan Lambertus (± 1488, twalûk fan Henri Palude, Luik) -
Relykbuste Sint-Servaas, Maastricht -
Relykhâlder Sint-Pauluskatedraal, Luik -
Barok byld Lambertus, Us-Leaffrouwetsjerke, Maastricht
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Lawrence
|