KwaZulu-Natal
| KwaZulu-Natal | ||
| Algemien | ||
| Lân | Súd-Afrika | |
| Haadstêd | Pietermaritzburg | |
| Grutste stêd | Durban | |
| Befolking | ||
| Ynwennertal | 12.423.907 (2022)[1] | |
| Befolkingsticht. | 131,7 ynw./km² | |
| Folken | swarten 85,8% Aziaten 7,8% blanken 3,4% kleurlingen 0,9% | |
| Religy | kristendom 74,9% trad. Afrikaansk 13,6% hindoeïsme 4,2% gjin 3,4% islam 1,9% | |
| Talen | Sûlû 82,3% Ingelsk 11,8% Xhosa 2,1% Afrikaansk 1,1% | |
| Geografy | ||
| Oerflak | 94.361 km² | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC+2 (SAST) | |
| Offisjele webside | ||
| www.kznonline.gov.za | ||
KwaZulu-Natal (faak ôfkoarte as "KZN"; Afrikaansk: KwaZulu-Natal of KwaZoeloe-Natal; Sûlû en Ingelsk: KwaZulu-Natal) is in provinsje fan Súd-Afrika.
KwaZulu-Natal is it heitelân fan de Sûlû's. De provinsje ûntstie yn april 1994 troch gearfoeging fan it thúslân KwaZulu en de provinsje Natal.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De provinsje grinzget yn it easten oan 'e Yndyske Oseaan, yn it noarden oan Mozambyk, Swazylân en Mpumalanga, yn it westen oan 'e Frijsteat en Lesoto en yn it súden oan 'e East-Kaap.
It lânskip fan KwaZulu-Natal is tige fariearre. Oan 'e kust lizze subtropyske strannen en tichte bosken. Yn it binnenlân lizze de gloaiende hichten fan KwaZulu-Natal Middellân, dy't yn it westen oergeane yn 'e piken fan 'e Drakensbergen (uKhahlamba), de heechste bergen fan Súd-Afrika.
Grutste plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Offisjele namme | Ynwenners (stêdekloft) | Bysûnderheden |
|---|---|---|
| Durban (eThekwini) | 3.900.000 | Grutste havenstêd fan Afrika. |
| Pietermaritzburg | 620.000 | Haadstêd fan 'e provinsje. |
| Richardsbaai | 60.000 | Wichtige export-haven foar stienkoal. |
| Newcastle | 360.000 | Yndustrystêd (stiel en tekstyl). |
| Ladysmith | 230.000 | Histoarysk plak út de Boere-oarloggen. |
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan e provinsje giet werom op 'e Portegeeske ûntdekkingsreizger Vasco da Gama, dy't de kust op Earste Krystdei 1497 seach en it gebiet dêrom Terra Natalis (Lân fan 'e Berte/Kryst) neamde.

Yn 'e iere 19e iuw feriene kening Sjaka Sûlû de stammen yn 'e krite ta in militêre grutmacht. Syn feroveringstochten (Mfecane) feroaren de demografy fan hiel Súd-Afrika. Yn 1839 stiften de Boeren (Foartrekkers) de Republyk Natalia, mar de Britten anneksearren it gebiet al yn 1843 as de koloanje Natal. Tusken 1884 en 1888 besochten de Boeren yn it noarden nochris in eigen steat te stiftsjen, de Nieuwe Republiek, mar ek dy hold it net lang út.
It meast ferneamde haadstik is de Anglo-Sûlû Oarloch fan 1879. De Britten ûndergyngen earst in ûnbidich grutte nederlaach yn 'e Slach by Isandlwana, mar wisten lang om let de macht fan it keninkryk te brekken. Letter wie de provinsje it toaniel fan 'e Boere-oarloggen, mei ûnder oaren de ferneamde belegering fan Ladysmith.
Oan 'e ein fan 'e apartheidstiid wie de regio it toaniel fan in slimme boargeroarloch (1985–1990) tusken de Inkatha Frijheidspartij (IFP) fan Mangosuthu Buthelezi en it ANC. It ANC beskôge Buthelezi as kollaborateur mei it apartheidsrezjym, wat late ta tûzenen deaden. Uteinlik keazen de Sûlû's, ûnder lieding fan kening Goodwill Zwelithini, foar frede en oansluting by it nije Súd-Afrika. Yn 1994 waarden de âlde provinsje Natal en it thúslân KwaZulu gearfoege ta de hjoeddeiske provinsje.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haadstêd fan de provinsje is Pietermaritzburg, mar de grutste stêd en it ekonomyske hert is Durban (eThekwini).
| Kaart fan de gemeenten | Bestjoerlike yndieling |
|---|---|
|
KwaZulu-Natal is opdield yn 1 metropolitane gemeente en 10 distriktsgemeenten: eThekwini (Metropolitane gemeente, haadplak: Durban) Amajuba (haadplak: Newcastle) Harry Gwala (haadplak: Ixopo) iLembe (haadplak: KwaDukuza / Stanger) King Cetshwayo (haadplak: Richardsbaai) Ugu (haadplak: Port Shepstone) uMgungundlovu (haadplak: Pietermaritzburg) uMkhanyakude (haadplak: Mkuze) uMzinyathi (haadplak: Dundee) uThukela (haadplak: Ladysmith) Zululand (haadplak: Ulundi) |
Befolking, taal en religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]KwaZulu-Natal hat de grutste konsintraasje fan it Sûlû-folk fan it lân. Neffens de folkstelling fan 2022 is it Sûlû (isiZulu) de memmetaal fan 80% fan 'e befolking. It Ingelsk folget mei 14,4%. Opfallend is de grutte Yndiaaske mienskip (Aziaten), dy't 7,8% fan de befolking útmakket, foaral yn en om Durban. Dit is de grutste Yndiaaske mienskip bûten Aazje.
Op religieus mêd is it kristendom de grutste groep (74,9%). Dêrnjonken hinget 13,6% in tradisjoneel Afrikaanske godstsjinst oan. Fanwegen de Yndiaaske mienskip is 3% hindoeïstysk en 1,4% islamitysk. Likernôch 3,4% jout oan gjin religy te hawwen.
Befolkingsûntwikkeling (1996–2022)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1996 | 2001 | 2011 | 2022 |
|---|---|---|---|---|
| Inwennertal | 8.417.021 | 9.426.017 | 10.267.300 | 12.423.907 |
| Groei (%) | — | +12,0% | +8,9% | +21,0% |
Boarne: Statistics South Africa (Census 2022 Statistical Release)
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Drakensbergen wurde troch in soad toeristen besocht en steane op 'e UNESCO-wrâlderfgoedlist.
- It iSimangaliso Wetland Park is in 240 ha grut wettergebiet mei krokodillen en nylhoarsen.
- Isandlwana, Rorke's Drift en Bloedrivier binne slachfjilder dêr't ferneamde slaggen tusken Sûlû's, Britten en Boeren plakfûnen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Haadstêden en provinsjes fan Súd-Afrika | ||
|---|---|---|
| Haadstêden: Bloemfontein • Kaapstêd • Pretoria | ||
| Provinsjes: East-Kaap • Frijsteat • Gauteng • KwaZulu-Natal • Limpopo • Mpumalanga • Noard-Kaap • Noardwest • West-Kaap | ||

