Springe nei ynhâld

Krúsraket

Ut Wikipedy
Testeksimplaar fan in Tomahawk-Block IV krúsraket

In krúsflechtwapen (de beneaming krúsraket is minder goed, omdat der gjin raketoandriuwing oan te pas komt: it is eigentlik in ûnbemanne fleantúchje;[1] Ingelsk: cruise missile) is in laat wapen mei in konvinsjonele of nukleêre eksplosive lading dat nei lansearring yn in horizontale baan, mei gelieding en oandriuwing oer it hiele trajekt, nei syn doel fleant. Dit yn tsjinstellling mei in ballistysk wapen, dat nei in koarte late oandriuwingsfaze in net-laat ballistysk trajekt folget.

De Dútske Fieseler Fi 103, bekend woarn as V1 en yn de Twadde Wrâldoarloch fan 1944 ôf ynsetten tsjin Ingelske en Belgyske stêden, wurdt algemien as it earste fan dizze kategory wapens (doe oantsjutten as fleanende bom of robotfleantúch) sjoen. Mei moderne krúsflechtwapens as de Amerikaanske Tomahawk kinne fan skippen, ûnderseeboaten en fleantugen ôf doelen op mear as 1500 km ôfstân mei grutte presyzje betookt wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Krúsraket is de populêre beneaming foar in krúsflechtwapen sûnt de politike alteraasje nei oanlieding fan it NAVO-dûbeldbeslút yn 1979 doe't der nukleêre Amerikaanske Tomahawks stasjonearre wurde soenen op bases by ûnder mear Florennes en Woensdrecht. It begrip krúsraket is lykwols in yn technysk opsicht ferkearde oantsjutting foar de soad krúsflechtwapens dy't hielendal gjin raket binne of wêrby't gjin raketmotor tapast wurdt, eventuele startraketten net meirekkene.