Springe nei ynhâld

Kristendom

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kristlik)
It krús is in tradisjoneel symboal foar it kristendom.
Fersprieding fan it Kristendom oer de wrâld yn 2008

It Kristendom is in religy basearre op it libben fan Jezus Kristus lykas it beskreaun is yn it Nije Testamint. Sintraal stean syn preekjen, krúsdea en Ferrizenis. It Kristendom is in monoteïstyske godstsjinst; dat wol sizze: kristenen belide it leauwen yn ien God. De kristenen leauwe dat Jezus de soan fan God is en de Messias dy't foarsein is yn it Alde Testamint. It Kristendom is in wrâldgodstsjinst en is de grutste religy op 'e wrâld mei likernôch 2,6 miljard oanhingers. Alhoewol't de religy út Palestina komt, is de religy benammen yn Jeropa en Amearika grut wurden.

It Kristendom is ûntstien as in joadske sekte dy't Jezus Kristus oanfierde as de Messias dêr't Gods beloften yn ferfolling gongen wienen. Mei op grûn fan de profetyske útspraken yn de Tenach wurde oan it Nij Messiaanske Ryk heilsbetsjutting takend oan alle folken. Dizze opfetting, hat - nei earnstige konflikten yn de earste generaasje Kristenen ûnderinoar - laat ta in breuk mei de Joaden dy't Jezus net as de Messias seagen. Al yn de 2e iuw wie de ferwidering tusken joadendom en kristendom folslein.

It kristlike leauwen hat him sûnt dy tiid fierders ûntwikkele en útwreide, fral ek troch de konfrontaasje mei de net-joadske antike wrâld. By de ekspânsje binne de doedestiids Romeinske Ryk stuite it kristendom op ferbittere tsjinstân (kristenferfolgingen), oant hja yn 313 troch keizer Konstantyn de Grutte it rjocht krigen harren leauwen yn frijheid út te oefenjen (it Edikt fan Milaan). Yn 380 ferwurf it sels yn har ortodoks-katolike foarm in monopoalje posysje.

Yn 'e rin fan 'e tiid is der yn it kristendom in westerske en easterske tradysje kaam. Ta de westerske tradysje kin it katolisisme rekkene wurde en it dêrút ûntstiene protestantisme. Ta de easterske tradysje rekkenet men de nestoriaanske Tsjerke fan it Easten; de oriïntaalsk-otterdoksy, dy't ôfstân nimt fan it Konsily fan Galsedon (451); en teffens de eastersk-otterdoksy, dy't ûntstien is by it Grutte Skisma fan 1054 en dy't teologysk mar krekt ôfwykt fan it katolisisme. Al dizze tradysjes ûnderskriuwe de kanones fan it Konsily fan Nikea.

Trochdat it kristendom op in protte wizen beliden wurdt, is it yn fiif haadgroepen op te partsjen:

Oare groepen binne hjiroan besibbe mar hawwe sterker ôfwikende learstellings, wêrtroch hja troch de haadgroepen almeast net ta it Kristendom rekkene wurde:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]