Springe nei ynhâld

Krakatau

Ut Wikipedy
In litografy út 1888
Anak Krakatau yn 2008

De Krakatau is een aktive fulkaan yn Yndoneezje. As gefolch fan de útbarsting yn 1883 is fierwei it grutste part fan it fulkaaneilân weiwurden. Der is lykwols in nije aktive fulkaan boppe wetter útkaam dy't Anak Krakatau neamd wurdt, wat 'Bern fan Krakatau' betsjut.

Utbarsting fan 535

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Krakatau is troch ûndersikers oanwiisd as de fulkaan dy't de wrâldramp fan 535 feroarsake. Oan it hof fan de Indonesyske Sultan is It boek fan de âlde keningen bewarre bleaun dêr't in útbarsting yn beskreaun stiet, sa heftich dat in eilân Java op it plak fan de útbarsting trochbruts, wêrtroch it noardlik part it nije eilân Sumatra waard. It lûd fan de útbarsting fan 535 waard sels yn Sina fernaam. De fulkaan folle de loft mei stof; safolle stof dat wrâldwiid de sinne 18 moannen tjuster bleau. It gefolch wie in kâldeperioade dy't op alle wrâlddielen in wjerslach hie op de grutte beskavings oant doe ta. Nei de tiid foarmen har yn de mei wetter fulde kaldera nije fulkanyske eilantsjes.

Utbarsting fan 1883

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Krakatau foar en nei de útbarsting

Op moandeimoarns 27 augustus 1883 barste de Krakatau út, op dat stuit in aktive fulkaan mei trije kegels yn de Strjitte fan Sûnda tusken Java en Sumatra. De berch kaam omheech, skuorde iepen en stoarte yn, wêrnei't de see yn it grutte gat streamde. In grutte jiskewolk fan sa'n 50 kilometer heech unstie, dy't de omkriten yn it tsjuster dompele.

De gefolchen fan de útbarsting sels hawwe dúdlik net sa slim west as yn 535, mar troch it ynstoarten fan de krater ûntstie in tsûnamy mei sokke katastrofale gefolchen dat de útbarsting dêrtroch de slimste fan de lêste iuwen west hat. De tsûnamy, fan tsientallen meters heech, spielde oer de kusten fan Java en Sumatra. Mear as 35.000 minsken kamen om en hiele stêdsjes en doarpen spielden fuort. De weagen goaiden skippen, wêrûnder Nederlânske stoomskip Berouw, kilometers it binnenlân yn. De tsûnamy makke sels noch in slachtoffer op Seylon, it hjoeddeiske Sry Lanka. De dining waard oant yn It Kanaal tusken Ingelân en Frankryk registrearre.

De útbarsting wie oant yn Austraalje en op it eilân Rodriguez, flakby Afrika, te hearren. De skokweagen hiene sa'n kreft dat se sân kear de wrâld run gongen eart de atmosfear wer ta rêst kaam.

Resintere útbarstings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei 1883 wie it eilân foar it grutste part under it wetter ferdwûn, en de fulkaan slepte. Mar yn 1927 waard er wer aktyf, en yn 1932 ûntstie yn de kaldera in nije eilânfulkaan, Anak Krakatau ('it bern fan Krakatau') dy't jiske en swevel spuide. De fulkaan is sûnt dy tiid aktyf bleaun, en al binne der gjin grutte útbarstings, by lytse útbarstings komt der geregeld lava út de fulkaan en it nije eilân wurd alle jierren sa'n fjouwer meter grutter.