Springe nei ynhâld

Klompemuseum Scherjon

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Klompemakkerij Scherjon)
Kapklompen en learkeklompen
Masinaal klompmeitsje

It Klompemuseum fan de famylje Scherjon yn Noardburgum bestiet sûnt 1987. It sit yn in gebou dat yn 1843 boud waard as earmhûs troch grutgrûnbesitter Dr. Nicolaas Ypey, dy't ek stikken heide yn de omkriten oankocht foar ûntginning. Hy woe sa ek de minsken oan wurk en mear takomst helpe.

Sûnt 1960 is der in klompmakkerij yn dit histoaryske pân. Klompmakker Eelke Scherjon (oprjochter fan fierljepferiening Burgum yn 1978) wûn wol fiif kear de Sulveren Klomp. Elke streek hie eartiids syn eigen klompen. Doe't de klompmakkers ferdwûnen, rekken ek de streekmodellen wei. It museum hat klompen út alle dielen fan de wrâld, dêr binne de Fryske learkeklomp en breidsklompen ûnder. Yn it museum en op in fideopresintaasje, is it ûntstean, it brûken en it meitsjen fan klompen te besjen. Op fersyk wurde rûnliedings jûn, foar bern kin klompskilderjen organisearre wurde.

Nei it ferstjerren fan klompmakker Eelke Scherjon (1955-2012) waard it bedriuw fuortset troch syn soannen Jilles en Hannes, de sechsde generaasje sûnt 1850. Spesjaliteit fan it bedriuw is de tradisjonele ‘Fryske Learkeklomp’. By dit lege model sitte oan de sydkanten fan de klompe riemgatten. Dêr wurde learen riemkes trochhinne lutsen, dy't op maat fêstspikere wurde. Yn de winkel binne ek souvenirklompkes, klompsokken, klompepantoffels, klomperakken, sylklompen en klompen as relaasjepresint te krijen. Boeregolfsticks, fûgelhokjes en plantehingers yn de foarm fan in klomp kinne levere wurde. Yn 2008 waarden sels houtene skoaiïng makke foar in moadeshow fan de ferneamde ûntwerpers Victor en Rolf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: