Springe nei ynhâld

Klitoris

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Klitoaris)
Anatomy fan de klitoris

De klitoris of kiteler is in seksueel orgaan fan de frou, froulike sûchdieren, strúsfûgeleftigen en in beheind tal oare bistesoarten.

De klitoris leit oan de boppekant tusken de grutte skamlippen, op it plak dêr't de lytse skamlippen by elkoar komme, dat boppe de iepening fan de uretra (pisbuis) en de fagina (skie).

It part wat sjoen wurde kin sjocht derút as in lyts roze balsje (Latyn: glans clitoris), mei in trochstring grutte fan 2.5 oant 4.5 millimeter, mar grutter en lytser komt ek foar. De klitoris hat in protte senuwúteinen en is by minsken de meast gefoelige erogene sône fan de frou. Stimulaasje jout in klitorale ereksje en seksuele opwining; oanhâldende stimulaasje kin ta in orgasme liede.

It meastepart fan de klitoris sit ynwindich: de beide skachten (corpus cavernosum) yn V-foarm oan wjerskanten fan de fagina. Sy folle har by seksuele opwining mei bloed, lykas de swollichems yn de penis by de man.

Embryonale ûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in frouljus embryo foarmet de klitoris him út itselde weefsel dêr't by in manlik embryo de penis him út ûntwikkelt ûnder ynfloed fan testosteron. It part fan de klitoris wat sjoen wurde kin is bedutsen troch in stikje hûd, dat oerienkomt mei de foarhûd by in man. Somtiids giet it mis en ûntwikkelt it froulik embryo in penis ynstee fan in klitoris. Der wurdt dan fan ynterseksualiteit sprutsen.