Katedraal fan de Berte fan de Hear (Starodûb)
Katedraal fan 'e Berte fan 'e Hear Собор Рождества Христова | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Brjansk | |
plak | Starodûb | |
koördinaten | 52° 34' N 32° 45' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1677 | |
boustyl | Oekraynske barok | |
monumintale status | Regionaal monumint | |
monumintnûmer | 321610503180005 | |
Webside | ||
starodyb-8.cerkov.ru | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan 'e Berte fan 'e Hear (Russysk: Собор Рождества Христова; Sobor Rozjdestva Christova), ek: Kozakkekatedraal, is in tsjerke yn 'e west-Russyske stêd Starodûb yn 'e oblast Brjansk. De tsjerke heart by it bisdom Klintsovsky fan it aartsbisdom Brjansk.
De trijekoepelige tsjerke waard yn 1677 yn 'e styl fan 'e Oekraynske barok boud, nei't in eardere houten tsjerke út 1617 ôfbaarnde. De tsjerke waard boud fan bakstien en letter bepleistere. Sûnt it begjin fan 'e 18e iuw wie it de katedraal fan it yn Starodûb legere kozakkerezjimint.
It is ien fan 'e bêste foarbylden fan 'e Oekraynske barok yn it hjoeddeiske Ruslân.[1]
Yn 'e Sovjet-tiid waard de tsjerke sletten en brûkt om guod yn op te slaan. Yn 'e jierren 1990 waard de tsjerke wer iepensteld foar tsjerketsjinsten. Njonken de tsjerke waard doe in lytse frijsteande klokketoer boud.
De koepels fan 'e tsjerke krigen yn 'e simmer fan 2013 in goudkleurige dakbedekking ynstee fan 'e griiskleurige dakbedekking. Ek krigen de lantearnen op 'e koepels nije gouden otterdokse krusen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|