Kananaskisberchtme
Kananaskisberchtme | ||
berchtme | ||
Gusty Peak yn it Kananaskisberchtme. | ||
geografy | ||
diel fan | Rocky Mountains | |
regio | súdwestlik Alberta | |
lân | Kanada | |
provinsje | Alberta | |
sifers | ||
oerflak | ±800 km² | |
lingte | 44 km | |
breedte | 25 km | |
heechste punt | Mount Galatea | |
hichte | 3.185 m | |
geology | ||
yndieling | heechberchtme | |
âldens | 80 – 55 miljoen jr | |
stiensoarte | metamorf stiente e.o. | |
kaart | ||
De lokaasje fan it Kananaskisberchtme (read omrâne) yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta. |
It Kananaskisberchtme (Ingelsk: Kananaskis Range) is in berchtme yn it súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It makket diel út 'e Rocky Mountains. It berchtme is ferneamd nei de rivier de Kananaskis.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kananaskisberchtme is in dielberchtme fan 'e Rocky Mountains, dat yn it súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta leit, oan 'e eastkant fan 'e grutte berchrige en westlik fan 'e rivier de Kananaskis. It Kananaskisberchtme strekt him fan noard nei súd út oer in lingte fan 44 km en is op it breedste punt 25 km breed. It oerflak bedraacht sa'n 800 km². It berchtme leit likernôch 70 km súdsúdwestlik fan Calgary, de haadstêd fan Alberta. It heechste punt yn it Kananaskisberchtme is de Mount Galatea, mei in hichte fan 3.185 m boppe seenivo.
Geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kananaskisberchtme ûntstie yn it Kryt en it Paleogeen, tusken 80 en 55 miljoen jier lyn. It stiente fan it berchtme is âlder. It meastepart, bestiet út metamorf stiente, dat foarme waard fanôf it Prekambrium, in geologysk tiidrek dat 1,7 miljard jier lyn begûn.
Heechste toppen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In protte fan 'e heechste berchtoppen yn it Kananaskisberchtme binne ferneamd nei marineskippen en persoanen dy't belutsen wiene by de Slach by Jutlân, in seeslach op 'e Noardsee yn 'e Earste Wrâldoarloch. De Mount Bogart is ferneamd nei D.B. Dowling (Bogart wie de famkesnamme fan syn mem en syn eigen middelnamme), dy't it Kananaskisberchtme yn 'e 1900-er jierren ferkende en yn kaart brocht yn opdracht fan it Geografysk Genoatskip fan Kanada.
De heechste toppen fan it Kananaskisberchtme binne (yn folchoarder fan ôfrinnende hichte):
- Mount Galatea (3.185 m)
- Wind Mountain (3.153 m)
- Mount Bogart (3.144 m)
- The Tower (3.124 m)
- Mount Sparrowhawk (3.121 m)
- Mount Lougheed (3.107 m)
- Mount Chester (3.054 m)
- Mount James Walker (3.035 m)
- The Fortress (3.000 m)
- Gusty Peak (3.000 m)
- Mount Inflexible (3.000 m)
- Mount Engadine (2.970 m)
- Mount Kidd (2.958 m)
- Mount Buller (2.805 m)
- Mount Lawson (2.795 m)
- Mount Kent (2.635 m)
- Mount Lorette (2.487 m)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|