Springe nei ynhâld

Kanaal fan Malta

Ut Wikipedy
It Kanaal fan Malta

It Kanaal fan Malta of de Strjitte fan Malta, is in seestrjitte yn de Middellânske See dy't Sisylje fan de eilânsteat Malta skiedt. It wetter is sa'n 90 kilometer breed en 120 km lang.

Yn de Twadde Wrâldoarloch wiene dêr seeslaggen en lei der in mynfjild om befoarrieding fan it eilân te behinderjen. Earder wiene der seeslaggen tusken de Ridders fan Malta en Ottomaanske piraten, en ek yn de Punyske Oarloggen.