Springe nei ynhâld

Kennedy Space Center

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan John F. Kennedy Space Center)
It Kennedy Space Center

It Kennedy Space Center (eins it John F. Kennedy Space Center en gauris ôfkoarte KSC) is it lansearplak fan de NASA foar romtemissys op Merritt Island yn Floarida. It KSC, wêrfan't de bou yn 1962 ree kaam, leit noardwestlik fan it Cape Canaveral Air Force Station fan de USAF, dêr't it ek oan grinzget. Sûnt desimber 1968 waard it KSC brûkt foar alle bemanne romtefeartmissys; yn it earstoan foar de Apollo-missys en fan 1981 oant en mei 2011 foar de Space Shuttle's.

It Kennedy Space Center Launch Complex 39 (LC-39) is it plak dêr't de raketten de romte yn lansearre wurde. It Launch Complex 39 hat twa lansearplatfoarmen: LC-39A en LC-39B. De Shuttle Landing Facility (SLF) is it fleanfjild fan it KSC dêr't de Space Shuttle lânje kin.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Kennedy Space Center – foto, fideo en harktriemmen