Springe nei ynhâld

Peter Johann Nepomuk Geiger

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Johann Nepomuk Geiger)
Peter Johann Nepomuk Geiger, litografy fon Josef Kriehuber, 1852

Peter Johann Nepomuk Geiger (Wenen, 11 jannewaris 1805 - dêre, 29 oktober 1880) wie in Eastenryksk tekener en keunstskilder.

Geiger kaam út in famylje fan byldhouwers. Hy woe yn 't earstoan ek dy tradysje fuortsette en byldhouwer wurde, mar rillegau die bliken dat er mei tekenjen en skilderjen yn syn elemint wie. Hy makke yllustraasjes by Anton Ziegler syn Vaterländischen Immortellen fan 1839-40. Oant 1848 makke er talleaze yllustraasjes by histoarysk wurk en poëzij, mar ek oaljeferve skilderijen foar de Eastenrykske keninklike famylje.

Doe't er yn 1850 weromkaam fan in reis nei de Oriïnt mei prins Ferdinand Maximilian Joseph wie dat it begjin fan in tige kreative perioade. Yn 1853 waard er learaar oan de Weenske keunstakademy. Foar de keninklike famylje hat er in soad wurk makke, ek yllustraasjes by wurk fan Goethe, Friedrich von Schiller en William Shakespeare. Teffens makke er foar aartshartoch Karl Ludwig fan Eastenryk ferskate sjênreskilderijen fan it Easterske libben.

Geiger kriget tsjintswurdich fral omtinken út reden fan syn eroatyske tekeningen, dy't er nei alle gedachten net yn syn funksje fan hofskilder makke hat.

In kar:

  • 1839: Ziegler, Anton. Vaterländischen Immortellen aus dem Gebiete der österreichischen Geschichte. 4 dielen Wenen, 1840, 1839.
  • 1843: Magyar-és Edélyország története rajzolatokban: Geschichte Ungarn's und Siebenbürgen's in Abbildungen ...; Geiger Péter N. János akadémiai képirótól; tervezte és magyar 's német nyelven magyarázta Wenzel Gusztáv. 10 dielen Wenen, 1843
  • Joseph von Bülow's Memorabilien aus der Europäischen Geschichte für anziehende Weltbegebenheiten, ausgezeichnete Grossthaten, Würdigung der Verdienste von berühmten Männern etc. Aus mehreren Jahrhunderten gesammelt. Mit insgesamt 96 getönten Federlithographien von Johann Nepomuk Geiger auf Tafeln. 2 dielen New York, 1860
  • 1861: Historische Handzeichnungen; mei útlis fan Gustav Adolph Schimmer. Wenen: Aus der kaiserlich-königlichen Hof- und Staatsdruckerei, 1861
  • Die Schlacht bei Lützen (De slach by Lutzen)
  • Kampf der Tiroler unter Andreas Hofer (De striid fan de Tirolers ûnder Andreas Hofer)
  • Wiesboeck, Karl L. (1868) Peter J. N. Geiger's Werke; oder, Verzeichniss saemmtlicher Radirungen, lithographischen Feder- und Kreidezeichnungen .... Leipzig: Weigel
  • Geiger, Peter Johann Nepomuk in Constant von Wurzbach Biographisches Lexikon des Kaiserthums Oesterreich, 5. Band. Wien, 1859 (Online ferzje) [1]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johann Nepomuk Geiger fan Wikimedia Commons.