Joadsk Begraafplak (Noardwâlde)
Appearance
(Trochferwiisd fan Joadsk begraafplak (Noardwâlde))
It Joadske Begraafplak yn Noardwâlde bestiet sûnt 1770. Fan 1770 oant 1870 makke in lytse joadske mienskip diel út fan Noardwâlde. Dy mienskip hie in synagoge en in begraafplak. Omdat dat begraafplak de earste yn Fryslân wie, binne der neist út Noardwâlde, ek joaden út de omlizzende plakken, lykas Stienwyk en De Gordyk begroeven. Der steane yn 2010 trije sarken op.
It begraafplak waard op 25 oktober 2003 fan It Fryske Gea oerdroegen oan it Nederlânsk-Israelitysk Tsjerkegenoatskip. By dy gelegenheid waard in monumint ûntbleate ta oantinken oan de joadske oarlochsslachtoffers út Stellingwerf. Op dit monumint steane de nammen fan de oarlochsslachtoffers fermelde.
-
Holokaustmonumint
-
Tagongspoarte
-
Grêfstien
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|