Jelte fan Andringa
Appearance
(Trochferwiisd fan Jelte fan Andring)
Jelle fan Andringa, ek: Jelte fan Andringa († 30 septimber 1612), wie grytman fan Utingeradiel en Aenjewier (1605).
Soan fan Tinco fan Andringa en Aef Ennes, wie earst troud mei Idske Regnaerda († 2 april 1605 ), en wertroude mei Gerland fan Oenema. By de earste frou hyhie hy in soan, by de lêste gjin bern.
Yn it Sjarterboek stiet in mei opset dienen ratifikaasje en approbaasje fan him as grytman fan Utingeradiel fan 15 augustus 1579. Yn it lêst fan de 16e iuw wie hy sekretaris fan Utingeradiel en waard dêr grytman op 26 maaie 1601 en yn 1605 ek substitút fan Aenjewier. Jelle ferstoar as lid fan Deputearre Steaten en waard begroeven by syn earste frou yn Aldeboarn.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|