Janny van der Knoop

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Janny Vledder - Van der Knoop)

Janny Vledder-Van der knoop (It Mar, 3 maart 1925 - It Hearrenfean, 18 juny 2007) wie ûnderwizeresse en Frysk skriuwster fan berneboeken.

Se skreau tsientallen Fryske berneboeken dy't ek yn it Nederlânsk ferskynden. Se wie aktyf by it Sint Piterfeest yn Grou en is yn 2004 beneamd ta Sint Pitergenoat.

Janny en har man Geart Vledder ferhuzen ein augustus 2003 út Grou wei. Se ruilen harren wenning oan de Swanneblom yn foar in appartemint yn serviceflat Hearenhage op It Hearrenfean.

Wurk: berneboeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in seleksje)

  • 1962 : Melle mich
  • 1971 : Fon Teddy en Wûf
  • 1972 : De slyde fon Klaas
  • 1981 : Jentsje syn koekje
  • 1981 : Jentsje syn bear
  • 1981 : Jentsje syn auto
  • 1986 : Jentsje syn pot
  • 1986 : Jentsje syn wein
  • 1987 : Kamera op Kameroen
  • 1988 : Jentsje yn ’t bad
  • 1988 : Jentsje en de lampe
  • 1988 : Jentsje syn bal
  • 1995 : Jentsje syn pemper
  • 1995 : Jentsje syn sobber
  • 1996 : Meinte : in bysûndere freonskip

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]