Jacques Derrida
Jacques Derrida (El-Biar, Algerije, 15 july 1930 – Parys, 8 oktober 2004 ) wie in Frânsk literêr kritikus en filosoof en wurdt beskôge as de grûnlizzer fan de dekonstruksje.
Jacques Derrida wie fan joadsk-Algerijnsk komôf en wurdt rekkene ta de postmodernisten. Studearre yn Parys en dosearre oan de École normale supérieure dêre. Ferdjippe him yn it earstoan yn de fenomenology fan Husserl. Letter rekke er ûnder de ynfloed fan Friedrich Nietzsche, Martin Heidegger, Sigmund Freud en Levinas. Hy wie benammen dwaande mei it ynterpretearjen en bekommentariearjen fan teksten fan de wichtichste tinkers fan de westerske tradysje. Dêrby ûntwikkele er de metoade fan de dekonstruksje. Spesjaal omtinken bestege hy oan de 'talichheid' fan teksten, de falkûlen fan de taal dêr't filosofen yntûmelje (yn dy sin is syn benadering besibbe oan dy fan Wittgenstein ). In wichtige stelling fan Derrida is dat de betsjutting fan teksten net sasear leit by harren ferwizing nei bûtenlânske werklikheid as wol op harren ferflechting mei oare teksten (yntertekstualiteit). Sûnt de jierren njoggentich mingde hy him mear en mear yn it politike debat, wêrby't er benammen kritysk wie oer de hegemonypolityk fan de Feriene Steaten en Israel.
Teksten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De filosofyske teksten fan Derrida roppe by guons grutte wearzge op. Derrida sei hjiroer yn in ynterview dat ditsoarte lilkens ûntstiet as men de wize en it ritme fan it lêzen net oanpasse wol. Sa waard de takenning fan in earedoktoraat troch de Universiteit fan Cambridge yn 1992 iepenbier bestriden.
- Wichtichste wurken
- La voix et le phénomène (1967) (Ned. oersetting: De stem en het fenomeen)
- L'écriture et la différance (1967)
- De la grammatologie ( Oer grammatology, 1967)
- Marges de la philosophie (1972)
- Glas (1974)
- De l'hospitalité (1977) (Over gastvrijheid, oersetting Walter van der Star & Rokus Hofstede, Boom 1998)
- Éperons: les styles de Nietzsche (1978)
- De l'esprit: Heidegger et la question (1987)
- Spectres de Marx (1993)
- Force de loi (1994)
- Mal d'Archive: Une Impression Freudienne (1995)
- Voyous (2003)
Literatuer (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ger Groot Derrida over schrift en stem, yn: Theo de Boer e.o. Moderne Franse filosofen - Foucault, Ricoeur, Irigaray, Baudrillard, Levinas, Derrida, Lyotard en Kristeva (siden 92-110), útjouwerij Kok Agora, Kampen (1993) ISBN 90-391-0545-6.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Algerynsk filosoof
- Algerynsk literatuerkritikus
- Algerynsk publisist
- Frânsk filosoof
- Frânsk literatuerkritikus
- Frânsk publisist
- Algerynsk persoan fan Joadsk komôf
- Algerynsk persoan fan Spaansk-Joadsk komôf
- Frânsk persoan fan Joadsk komôf
- Frânsk persoan fan Algerynsk-Joadsk komôf
- Frânsk persoan fan Spaansk-Joadsk komôf
- Persoan fan Frânsk-Algerynsk komôf
- Persoan berne yn 1930
- Persoan stoarn yn 2004