Eslawâld
Appearance
(Trochferwiisd fan Iselwolde)
Eslawâld of Esselawâld is in earder tsjerkedoarp yn it súdwesten fan Dantumadiel. It doarp wurdt al neamd yn 1387, yn 1623 wurdt it noch as Iselwolde skreaun. Feriene mei Sint-Jehanneswâld yn ûngefear 1500 wurdt it ta Feanwâlden, fandêr dat de nije doarpsnamme yn it meartal stiet. It stee fan de âlde tsjerke fan Eslawâld wurdt noch wol It âld tsjerkhôf neamd.