Springe nei ynhâld

Ylostins

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ilostins)
Ilostins (1616)

De Ylostins of Ilostins wie in stins west fan Drylts. Fan de stins is neat werom te finen. Waard boud yn de Midsiuwen, mooglik al yn de 11e iuw. De namme Ilostins en IJlst binne mooglik fan elkoar ôflaat, mar oft no Drylts fan Ilostins ôflaat is of krekt oarsoam is net dúdlik.

De stins waard stifte troch de famylje Harinxma, dy't yn dizze omkriten in soad ynfloed hie. De stins foarme mei de tsjerke ien ferdigenber gehiel. Dêrtroch hie Drylts in fersterking oan de súdkant, dy't mei in lytse striidmacht te behearskjen en te ferdigenjen foel. De eigener fan de stins wie de 'iehear' of âlderman en dêrmei de earste fan de stêd. Yn de achttjinde iuw is de stins ôfbrutsen.

De Ilostins wie in toerstins, dy't oan de westkant fan de grêft stie, wêrlâns Drylts him ûntwikkele. It wie in frijsteande, ferdigenbere wentoer, lykas de Gruitersmastins yn Snits. De stins hie in hast fjouwerkante plattegrûn en wie in frij heech bouwurk, dat oan de boppeside in wjergong mei arkeltuorren hie. Dêrtroch wie it mooglik de stins fan boppe-ôf te ferdigenjen. Yn de muorren sieten lytse rûnbôgefinsters. De stins waard bekroane mei in skylddak mei dekorative wynwizers. De lêste resten fan it gebou binne yn 1778 weibrutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: