Springe nei ynhâld

Il deserto dei Tartari

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Il deserto dei tartari)
Dino Buzzati.

Il deserto dei Tartari (Italjaansk, betsjutting likernoch: "De Woastyn fan 'e Tataren") is in roman fan Dino Buzzati út 1940. De haadpersoan, de krekt ôfstudearre luitenant Giovanni Drogo, wurdt oan it begjin fan it boek nei de Bastiani fort stjoerd, in fort oan de grins. It libben op de fort is nochal sljochtwei, mar dochs fielt er him der stadichoan nuver oan hechte, en kin er him der net ta bringe en gean dêrfan fuort.

Yn 1976 waard it boek ferfilme troch de Italjaan Valerio Zurlini, mei ûnder oaren Jacques Perrin en Max von Sydow.

It ferhaal folget Drogo wylst er syn hiele libben wachtet op in grutte oarloch, dêr't syn eigen libben en de festing dêr't er stasjonearre is, einlings de eigen wearde bewize kinne. De minsklike needsaak om it libben sin te jaan, en de begearte fan de soldaat nei eare, binne wichtige tema's yn de roman. De tige ôfsletten bûtenpost sjocht allinich út oer in desolate woastyn. Drogo bringt syn hiele karriêre troch. te wachtsjen op 'e horde barbaren dy nei sizzen oarekant de woastyn is.

Mar ferskate jierren en desennia geane foarby, sûnder dat der wat bart, wylst Drogo's eardere freonen yn 'e stêd, bern krigen hawwe, troud binne, en in folslein libben libje. Drogo hat nea wat oars belibbe as solidariteit mei syn kollega-soldaten yn har lange, geduldige wachtsjen. As de Tataren oanfal einlings oankomt, wurdt Drogo siik en de nije lieder op 'e festing ûntslacht him. Drogo, ûnderweis nei hûs, stjert koart letter allinnich yn in herberch.

Il deserto dei Tartari waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.