Idoal fan Pomos
Appearance
It Idoal fan Pomos is in lyts prehistoarysk byldsje dat fûn is yn it westen fan Syprus, yn it doarp Pomos. It wurdt ôfbylde op´e euromunten fan €1 en €2 fan Syprus.
It komt ûngefear út it jier 3000 f.Kr. Tsjintwurdich stiet it yn it archeologysk museum fan Nikosia.
It byldsje stelt in minsk foar dy't syn earmen spriedet. Dizze foarm waard wierskynlik as symboal foar de fruchtberheid brûkt. Dit soarte byldsjes binne yn grutte oantallen fûn op Syprus. Lytsere ferzjes wurde faak as amulet om de nekke droegen.
As typysk foarbyld fan prehistoaryske Syprioatyske keunst is it ôfbyld op de Syprioatyske 1 en 2 euromunten.