Ibn Chaldûn
Abd al-Rachman ibn Mohammed ibn Chaldû (Tunis, 1332 - Kaïro, 1406) (guon boarnen hâlde it op 1331–1405) wie in Arabyske skiednisfilosoof, islamteoretikus, ekonoom, sosjaal wittenskipper en histoarikus. Hy wie in pionier op it mêd fan skiednisfilosofy en sosjaal-politike wittenskippen en wurdt wol as de heit fan beide beskôge. It wie benammen de ynlieding, al-Moekaddima, fan syn meast ferneamde wurk, Kitab al-Ibar, dat him dy reputaasje besoarge.
Sosjology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ibn Khaldun wurdt ek in grûnlizzer fan de sosjology neamd. Syn wurk wurdt as baanbrekkend beskôge. Hy socht nei ferbannen fan oarsaak en gefolch, nei analogy tusken no en it ferline en hy naam de ynfloed fan de omjouwing en fan de ekonomyske omstannichheden yn acht. Dêrom wurdt hy as in pionier yn de sosjology besjoen.
Hy lei út dat solidariteit, mienskipssin troch him `asibiyah neamd, it sterkst is yn tribale maatskippijen omdat dy basearre binne op bloed- en stamsibskip en omdat, sûnder solidariteit, oerlibjen yn slimme omstannichheden ûnmooglik is. As dizze solidariteit hân yn hân giet mei de oare sterkste mienskipsbân, religy, dan tendeart de kombinaasje fan beide, ta ûnoerwinlikheid.
Ek wurdt hy as de grûnlizzer fan de moderne skiedskriuwing sjoen, omdat hy net allinnich skiednis skreau lykas Herodotus, mar regels en in basis formulearre foar skiedskriuwing. Mei Ibn Khaldun waard de skiednis in metoadysk te bestudearjen en te beskriuwen ûnderwerp, wêrmei't hy it paad sljochte om skiedskriuwing ta wittenskip útgroeie te litten.
Politike fyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ibn Khaldun hope en ferwachte dat de Turks-Mongoalske feroverder Timur, dy't hy by fredesûnderhannelingen yn Damaskus yn 1400 moete hie as ôffurdige fan Sultan al-Nasir (Kaïro), en fan wa't hy tige ûnder de yndruk wie, by steat wêze soe om de moslims te ferienjen (`asabiyah sosjale ienheid) en sadwaande in renêssânse fan de Islam foar elkoar krije soe. Dizze hope moast hy úteinlik farre litte.
- Tunezysk skiedkundige
- Tunezysk teolooch
- Tunezysk filosoof
- Tunezysk ekonoom
- Tunezysk antropolooch
- Tunezysk sosjolooch
- Tunezysk publisist
- Tunezysk rjochter
- Tunezysk ûnderwizer
- Tunezysk diplomaat
- Tunezysk autobiograaf
- Egyptysk skiedkundige
- Egyptysk teolooch
- Egyptysk filosoof
- Egyptysk ekonoom
- Egyptysk antropolooch
- Egyptysk sosjolooch
- Egyptysk publisist
- Egyptysk rjochter
- Egyptysk ûnderwizer
- Egyptysk diplomaat
- Egyptysk autobiograaf
- Midsiuwsk skriuwer
- Tunezysk persoan fan Spaansk komôf
- Tunezysk persoan fan Berbersk komôf
- Egyptysk persoan fan Tunezysk komôf
- Egyptysk persoan fan Spaansk komôf
- Egyptysk persoan fan Berbersk komôf
- Persoan berne yn 1332
- Persoan stoarn yn 1406