Springe nei ynhâld

Luchtkessenreau

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hovercraft)
Luchtkessenreau.

It luchtkessenreau, nei it Ingelsk ek wol hovercraft, is in ferfiermiddel mei minimale wriuwing.

A48 luchtkessenreau

It luchtkessenreau is yn 1959 útfûn troch Christopher Cockerell. It hat in rok dy't fan de kanten ôfhinget, en in motor dy't lucht fan boppe ûnder de rok blaast. Sa bliuwt de luchtdruk ûnder it luchtkessenreau heech genôch om it in pear sentimeter boppe de grûn of it wetter sweevje te litten. Dertroch hat it luchtkessenreau gjin wriuwing fan it oerflak, it giet net troch it wetter as in skip, en it hat gjin rolwjerstân sa't tsjillen dy hawwe. Sadwaande kin in luchtkessenreau tige fluch foarútkomme.

Grutte luchtkessenreauwen wurde meast brûkt as fartúch. Neffens in skip is in luchtkessenreau dúdlik flugger. Om't it net troch it wetter giet kin it ek gewoan by it strân op komme; der is gjin ferlet fan in haven mei genôch djipgong en in kade. It foardiel fan it skip is dat it troch de kyl stabiel holden wurdt; it luchtkessenreau ferweget mei de wyn en de weagen, dat de minsken wurde earder seesiik.

Yn Frankryk hat der yn de sechtiger jierren in proef west mei in luchtkessentrein, in luchtkessenreau mei in stjoerralje.

Hivus-10